Programma SDS-slotjûn!

SDS-barbecue! Jou je noch gau op!
11 mei 2016
Weppers tongersdei 12-5
11 mei 2016

Sneon stjit jim hiel wat te wachtsjen op de Skoalleseize. Under it motto “Sloop it fjild” binne der ferskate aksjes.

 

Wa fan de jeugdspilers kin it beste búkskôwe?
Doch krekt as hast in goal skoort en glydzje op syn moaist oer it fjild!

(noch wol ûnder foarbehâld)

 

Dan it absolute spektakel:
De kreaker: Easterein – Wommels
Wa lûkt oan it koarste ein oan it tou?
Beide doarpen soarge foar in manlju en in frouljusteam.

Winner is it doarp dy ’t twa kear wint.
By in lykspul folget der in mixwedstryd!

4 SDS’ers binne drok dwaande om it sterkste team byinoar te skarreljen. De earste ferrassende nammen stean al op papier!!!

 

As lêste folget der in emosjoneel ôfskie fan it fjild.
De wite middenstip, dêr giet fêst wat mei barren. Mar wat? Kom, drink der in bierke op, gooi wat fleis op de koalen en bin tsjûge fan dit spektakel!

Feiling
Ek hawwe wy sneon noch in (lytse) feiling mei as feilingmaster net ien minder as……. Jelmer Posthumus!
Dat sil fêst ek wer in grut spektakel wurde!

Dêrneist wurde der noch wat lju yn it sintsje setten, is der Draaiend Rad (foar €1,- it lotsje, alderaardichste prizen) en wurdt de einstân fan de SDS-League bekend makke!


En Jan Nota komt û.o. it SDS-klupliet spyljen!