Weppers freed 13-1

Weppers tongersdei 12-1
12 januari 2017
Efkes Balje 14-1
14 januari 2017

Oefenwedstriid

De oefenwedstriid fan SDS 1 tsjin Scharnegoutum 1 is einige yn 1-1. Yn suterige omstannichheden slagge it SDS om op 1-0 te kommen yn de earste helte. Bauke Dijkstra sette prachtich foar en Erik Haitsma skeat rekke. Yn de earste helte koe SDS it noch wol wat bijhâlde, yn de twadde helte wie Scharnegoutum seker de bettere ploech mar grutte kânsen krigen se net echt. In strafskop brocht harren op 1-1.
Bij SDS stie Frank Bervoets as lêste man opsteld en dat wie fansels wol aardich omdat syn heit trainer fan Scharnegoutum is. Skiedsrjochter wie Dennis Vinke.

Net oefenje tsjin Nijland?

SDS 1 soe nije wike thús oefenje tsjin vv Nijland 1. Dizze wedstryd giet heechstwierskynlik net troch, want Nijland 1 moat nije wike thús ynhelje tsjin CVVO 1.

Efkes Balje

At er jûn Efkes Balle wurdt hinget fan de waarsomstannichheden ôf. Bij snie wurdt der net fuotballe en seker net yn kombinaasje mei wynkrêft 8.

OFK

Letter hjoed alles oer it OFK fan moarn yn Frjentsjer wêr ’t SDS seal probearje mei sa fier mooglik te kommen. Sy sitte yn in poule mei sc Franeker (sneons), sc  Emmeloord en Friesland seal.

Traine

De net-sealfuotballers fan SDS 1 en 2 traine moarn om 13.00 oere op it keunstgersfjild yn Easterein.

Teamuitje SDS 1

De mannen fan SDS 1 sille moarn mei syn allen nei de Grote Keizer yn Ljouwert. Dêr sille se sjen wa ’t it beste bowle kin. En ite!
Ien tip: earst bowle en dan ite. Oars hawwe je miskien te dikke fingers…….

 

Foto fan Wouter Jan Postma

Eeltje keapet der ien op mei syn broers!

Lokwinske!

Eeltje Postma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

MO15 en MO13

Yn maaie waard de sporthal al fêstlein foar in sealtoernoai moarn foar de famkes fan MO15 en MO13. No moat MO13 moarn sealkompetysje spylje en bliuwt allinnich MO15 oer. Sy sille no moarn yn de seal traine.

Gelok

De SDS’ers dy ek graach by sc Heerenveen komme hawwe mar gelok dat sy yn de kantine by SDS net safolle foar harren bier hoefe te beteljen.

Harsens derby (1819)

Lekkere korner!

Letter hjoed mear!