Weppers tongersdei 11-2

Weppers woansdei 20.15
9 februari 2010
Weppers freed 12-2
12 februari 2010

Ôflast
Al it fuotbaljen foar sneon is alwer ôflast yn KNVB-Noord.


Traine SDS 1
Jûn trene we samen mei it twadde yn Snits.
Fertrek om 18.00 oere.

Dooitze bliuwt
Striker fan SDS 1, Dooitze Nauta, hat oanjûn ek kommend seizoen striker te bliuwen by SDS. Hy hat it noch altiten tige nei it sin. SDS lit witte hjir tige wiis mei te wêzen.

Ek yn it nije seizoen sil Dooitze wer mei syn wettersek foar SDS 1 sjouwe.

SDS League
Troch allegear oare drokte (fuotbalje en sa) sil it wol sa komme dat de earste stân fan de SDS League moarn komt.

Seal: SDS 1 ûnderút
SDS 1 hat juster nei in helse rit troch de snie fan mear as 2 oeren mei 6-4 ferlern yn Ruinen tsjin ZZVV. De wedstryd begie 3 kertier te let troch de winterse omstannichheden. Lokkich genôch wienen de skiedsrjochter en de spilers fan ZZVV noch wol ree om efkes te baljen. SDS ûnttaaide pas yn de twadde helte, mar stie doe al mei 5-0 efter. SDS kaam noch aardich werom mar ferlear úteinlik mei 6-4. Tsjipke makke 3 goals en in Ruienaar (of is it Ruienees of in Ruiaan?) makke de 4 kompleet.

SDS 1 spilet lyk
SDS 1 hat tiisdei de oefenwedstryd tsjin Bolswardia mei 2-2 lyk spile. It wie in rommelige wedstryd wêryn Skelte en Dirk-Yde de goals foar SDS makken.

Oefenje
Wij hawwe heard dat ek foar kommende sneon der wer in skaadoefenwedstriid op it programma stiet foar SDS 1. Om 14.30 oere yn Surhústerfean tsjin it Fean ’58. At spilers of lieders oare plannen hiene (bijgelyks nei de Húshâldbeurs) dat wurdt dat neat.

Folop yn de rees
Sa’t hast elkenien yn Fryslân wol wit, binne dizze wiken de persoanlike kampioenskippen Frysk damjen. Stoffel docht ek mei yn de haadklasse en jout efkes in tuskenstân.

No, hjir hast in damjende degradant, teminsten dat like der sneon op want mei twa ferlies partijen(Teake en Marten) kinne jo net thús kommen en dus bin ik wat letter thús kommen út de twa gemeenten yn Irnsum. Wat wolle jo, ien smoke, in kâld fleske en allegearre froulju (dy kamen grif net foar it damjen) En doe ik thús kaam tocht ik net mear, Mooi Wark want sa moai wie dat net en ha my taret op tiisdei en dat gie wakker goed. Tefreden mei remize pakte ik de folle winst tsjin Stinus en sjoch sa wer kânsen om degradaasje te foarkommen.

Wij bliuwe se folgen
At je ien kear trainer bij SDS west ha, dan bliuwe je op ien of oare wize yn byld. Sa seach Sjoerd van Beem dit berjocht stean:
NOORDBERGUM – Gerlof Sloterdijk uit Leeuwarden wordt met ingang van het seizoen 2010/2011 de nieuwe hoofdtraier van zaterdag vijfdeklasser Noordbergum.
Sloterdijk is nu nog trainer bij zondagclub TFS in Drachtstercompagnie. Hij begon zijn loopbaan als trainer bij SDS, toen nog vierdeklasser uit Easterein. Daarna was hij oefenmeester van Nieuweschoot en Friesland. Sloterdijk wordt bij de club de opvolger van David Kloosterman.

Mopkes
Ingelân hat it allinnich noch mar oer John Terry en syn bûtenechtelijke eskapades. Der geane al wat aardige mopkes de wrâld yn:
*’Ashley Cole gaf voor de rechter toe dat papparazzi niet de echte reden waren waarom hij te snel reed. ‘Ik probeerde gewoon thuis te komen vóór John Terry’.’
*’John Terry wordt de ster van een nieuw ITV drama: ‘Andermans Voetbalvrouwen’
*Bondscoach Capello belde Wayne Bridge om hem te zeggen dat John Terry zijn aanvoerdersband kwijt is. Hij vroeg Bridge of hij eens onder zijn bed wou kijken.
*Nu Wayne Bridge weigert om nog voor de nationale ploeg uit te komen onder kapitein Terry, smeken de fans Terry om ook met de vrouw van Emile Heskey aan te pappen.

Harsens derby (135)
Dit is in knappe goal fan de Kaapverdiaanse spits fan Famagusta, Arlindo Gomes Semedo: