Weppers freed 12-2

Weppers tongersdei 11-2
10 februari 2010
SDS League: Jorine’s 11 pakt wykpriis!
12 februari 2010

SDS 1 nei it Fean
Seleksje foar it Fean ’58:
Jaap, Arjan, Ewout, de Haitsma’s, Feiko, Feite, Harm, Mark, Tsjipke, Dirk Yde, Tsjalling, Jelmer en Skelte.
Redmer en Anne en Hendrik en Marten gean mei it twadde mei.
Fertrek om 12.45 oere.
René is ferhindere (ik haw gjin idee wer hy nei ta sil)
En Marco Hoekstra sil moarn foar de earste kear mei!
Groetnis
Dick

SDS 2 oefent
Skaadwedstriid SDS 2 – Tsjumearum 1 om 18.30 op keunstgers fan de Sweltsjes yn Ljouwert
Fuort om 17.30 oere geane:
Marten, Harm Jan, Dennnis, Syb, Jan Simon, Jildert, Sytze, Hjalmar, Durk, Hendrik, Jelte Pieter, Freek, Anne en Redmer.

SDS 3 giet wol troch
SDS 3 sil sneon om 12.00 yn Stiens op kuenstgers tsjin CSL 6 oefenje. Om 10.45 sille fertrekke:
Sjoerd van Beem, Eeltsje Postma, Bauke Dijkstra, Willem W, Jan S, Remco B, Geert D, Jentsje, Pieter K, Sjoerd R, Bote Strikkie, Gerlof Obama, Jeroen & Ronny, Ralph, Hendrik E en Sybren (op ski’s?).
De wedstryd wie earst ôflast, mar giet no heechstwierskynlik dochs troch. Mocht it net trochgean dan stiet it sneon foar 10.15 op de webside.

SDS League
De stân fan de SDS League stiet om 18.00 hjir op de webside!

Traind
SDS 1 en 2 hawwe juster noflik traind op it kuenstgersfjildsje by WPB. Efterôf wie dit it ienige plak yn de gemeente Snits wêr ’t traind waard. De gemeente hie alle fjilden ôfkeurd en der mocht net traind wurde. SDS hie gelok, want de man dy ’t de ljochten oansetten hie foar SDS wist hjir neat fan en koe der hearlijk traint wurde.

Klaverjasse
No’t it fuotbaljen troch it winterwaar in probleem is, de kantine-ynkomsten hjir troch werom rinne ha wy foar it omsittend laach fan SDS in klaverjasjûn op tongersdei 18 febrewaris. It begjint om 19.30 oere en we kaarte trije boomkes. Wa’t meidwaan wol moat op tiid oanwêzich wêze. Wannear it goed foldocht (en werom net) dan wolle we dit werhelje op 18 maart en 15 april of wol de tredde tongersdei fan ‘e moanne.
De aktiviteitenkommisje

Op nei it Noordereiland
Tsjeard en Jannie binne noch altiten yn Nij Seelân. Reizgje mei in Ford kamper. Mar at dat wol sa goed foldocht? Sjoch
hjir .

Harsens derby (136)
Fraai hakje……….