Weppers woansdei 20.15

Weppers tiisdei 9-2
9 februari 2010
Weppers tongersdei 11-2
10 februari 2010

Traine
Moarnjûn trene we samen mei it twadde yn Snits.
Fertrek om 18.00 oere.
Dick

Assistint-trainer
Marco Hoekstra is fanôf no oannommen as assistent trainer/lieder fan it SDS 1. Dit sil hy 2,5 jier dwaan. Marco sil op de kursus TC II en sil dus staasje rinne by SDS.


A’s yn de seal
SDS A1 traint jûn yn de seal fan 21.30 oan ’t 22.30. Allgear efkes in eurootsje meinimme.

Gjin trainen
D2 traint deze week nog niet, volgende week maar weer ff zien hoe ’t lijkt.
Jullie kunnen beter de schaatsen onderbinden dan je voetbalschoenen. 
Groeten Boudewijn.

Ek gjin trainen
F1 heeft geen training vandaag!!!
Mvg. Wiebe

Ek gjin trainen foar de froulju
Helaas kan er weer niet getraind worden! 
Groet Johan


Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers hawwe jûn wer in moai ritsje troch de snie. Sy meie jûn nei Ruinen om tsjin ZZVV te fuotbaljen. Jaap, Tsjipke, Feite, Freek, Peter en Willem sille sjen as sy mei 3 punten thús komme kinne.

Stân fan saken

Troch de komst fan de topklasse is der dit jier in spesjale promoasje en degradasjeregeling bij de standertalvetallen. Dick dy tipte ús oer dizze link. Want dêr kinne je yn in oantal eachopslaggen sjen hoe’t it der hinne leit. Neffens ús sit der wol in flaterke yn mar dat mei hinnebruie.

Tape
Sneontemiddei yn de rêst fan de oefenwedstryd tusken SDS 3 en ONS 2/3 gie it roltsje tape rûn. Inkelde ankels moasten op ‘e nij efkes goed fêst setten wurde om ek yn de twadde helte der net trochhinne te gean. Bauke Dijkstra woe it roltsje ek wol efkes fêsthâlde. Dit om syn fuotten byinoar te tapen en sa te foarkommen dat hy net wer poorten waard……..

Blieren
Eeltsje rûn sneon yn de oefenwedstryd ONS 2/3 – SDS al nei tsien minuten nei de skieds om te freegjen hoe lang de wedstryd noch duorre. Eeltsje hie lêst fan syn nije fuotbalskuon, mar moast net seure. Nei in heal oere kaam Bote der foar him yn. Justerjûn mei it trainen hie Eeltsje syn hakken bedekt mei in (Donald-Duck?-)pleisterke. Dit soe fêst helpe. Nei it trainen stie Eeltsje nuver te dûnsjen ûnder de douche. Nei it douchen seach eltsenien de skea:

En dat op beide hakken………

Harsens derby (134)
Miquel fan Valencia hat net folle mear mei syn coach. Hy kin it net wier sette dat hy der nêst stiet en makket de trainer belachelijk: