SDS-League: Enne pakt alwer in wykpriis!

Weppers tiisdei 28-4-2026
28 april 2026
Weppers tiisdei 28-4-2026
28 april 2026

Enne Bruinsma pakt mei ‘de Omropper’ alwer syn twadde wykpriis fan it seizoen. Dat liket der mar op. Hy hat krekt twa puntsjes mear as Arjans ‘FC Hallema’.

Gerwin Sijbesma koe dit wykein mei in gerêst hert nei it fuotbaljen yn Ingelân. Syn foarsprong yn de SDS-League mei ‘Mighty Mike’ as koprinner is sa grut.
It ferskil is nei it wykein al in bytsje lytser wurden. Thys Bruinsma stiet mei ‘FC Lollum’ no op 24 punten ôfstân.

De top 7 is itselde bleaun as ferline wike, mar de ferskillen binne al lytser wurden. Wy sjogge út nei nije wike.

Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ liet it dit wykein aardich ôfwitte. Hy pakte mar ien skamel puntsje…….. Mar ien puntsje pakke yn ien wykein is unyk foar de SDS-League. Dit hawwe wy yn de hast 30 jier dat wy it organiseare net faak mei makke.

‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ fan Jacqueline Hallema-Buma is noch altiten reade lantearndrager. Ate-Feike de Boers ‘DJ Dieter’ is noch har grutste konkurrint yn de striid om de poedelparaplu. It ferskil is no 91 punten.

SDS League 2025-2026 stand twadde helte wike 9