Weppers tongersdei 10-11

Aginda SDS-ledengearkomst
9 november 2016
SDS-League: ‘Hiemstra Power’ pakt op ‘e nij de wykpriis!
10 november 2016

Stjoer in kaartsje nei Ate!

Fanatyk SDS-supporter en lid fan de ‘SDS-Bunnik-side’ Ate Vellinga is sûnt 2 wiken opnommen yn De Van Andel klinyk yn Drachten. Ate hat de sykte fan Parkinson en it gie de lêste tiid hurd minder mei him. Hy sil it fêst alderaardichst fine as je him efkes in kaartsje stjoere om him betterskip te winskjen. Hooplik kinne wy der sa mei foar soargje dat wy him gau wer by SDS sjogge!
Dit is it adres wêr de kaartsjes hinne kinne;
Van Andel kliniek, Nij Smellinghe
Compagnonsplein 1, 9202 NN Drachten

Ate Vellinga SDS

Ate Vellinga steande op de ‘SDS-Bunnikside’. Wy hoopje him dêr wer gau te sjen!

SDS-ledengearkomst

Justerjûn wie wer de jierlijkse SDS-ledengearkomst. Der kamen sa ’n 30 SDS-leden op ôf ynklusyf bestjoer. It ferkoarte ferslach kinne jim sa gau as mooglik hjir op de webside lêze.

Seal 1

Seal 1 hast justerjûn spile tsjin Workum 3.  It waard 4-4.

Stellen

Yn Easterein en omkriten wurdt de lêste tiid wol gauris ynbrutsen. De plysje docht dan ek it fersyk om lyk 112 te beljen as je wat ferdachts sjogge. Yn Easterein is it op it heden sels sa slim mei de stellerij dat der sein wurdt dat sels it lucht út de ballen by SDS stellen wurdt…….

Kantine

De kantine is jûn ek wer iepen fanôf 20.30 oere. DJ Pieter Wesselius sil de jûn oanelkoar draaie.

SDS-League

Jûn stiet hjir om in oer as 20.32 oere de nijste stân fan de SDS-League wer op de webside. Soe ‘Jacobs Kaas’ noch boppe-oan stean? Rint Boudewijn Kramer noch mei de reade lantearn. Jûn sille wy it witte!

Hjerststop

SDS 3 hat net allinnich in simmer- en in winterstop, mar ek in hjerststop. Trochdat der 2 ploegen út de kompetysje binne hawwe sy ynklusyf in beker-ynhelwykein no mar leafst 3 (!?) wykeinen efterinoar frij. 3 desimber meie sy wer fuotbalje út tsjin sc Joure 3.

Gudelj

In moai stikje tekst fan ús favorite stikjeskriuwer Sjoerd Mossou oer wurkwegerer Gudelj.

Alderaardichst

Welke klup is better dan Barcelona?
Jodan Boys fansels!

Harsens derby (1790)

It sil je mar barre. Meitsje de moaiste winnende goal ea en hat de skiedsrjochter krekt op de fluit blaast foar it ein fan de wedstryd…..