SDS League: "Swarte Beien" pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 10-4
9 april 2014
Weppers freed 11-4
10 april 2014

Nei oardel programma yn de Eredivisie kin der hiel wat feroarje yn de SDS League. Dat docht ek wol bliken. Sa hat “FC Dronryp”(Tsjalling Sikma) de kopposysje alwer ferlitten foar it 7e plak. “Algemeen Fons”(Sjoerd Rispens) komt fan it 3e plak en nimt de koppsysje oer.

Sjoerd de Vries is al wiken blesseard by SDS 1 en hat dus alle tiid om al syn enersjy yn “Swarte Beien” te stekken. Dat levert him dizze wike de wykpriis op. Mei 62 punten bliuwt hy “Dickie Dick (Schuurman)”, “Rockin’ in a Free World”(Lolke Hofstra) en “Torpedo (Jaap) Toering” krekt ien puntsje foar.

Jesse, Jurjen en Sjoerd wiis mei Sjoerds wykpriis!

Fansels is der op it ein fan dizze SDS League ek noch altiten in priis foar de middenmotor. It giet dêrby om de koprinner fan it rjochterrijtsje oftewol de nûmer 36. It is dêr op dit momint tige spannend, want 4 ploegen steane tegeare op it 36e plak. Alle fjouwer steane sy op 207 punten:
It giet om “Okkied(urk)okkie”, “FC Munnaps”(Bote), “FC Natte Vinger”(Jelmer Posthumus) en “We gaan juichen”(Hendrik de Jong).

“FC (Rients) de Boer” docht goeie saken oangeande de reade lantearn. Ynmiddels hat hy 50 punten efterstân op “FC Pie & Mel” fan Pieter Wesselius.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.