Weppers tongersdei 10-12

SDS op it OFK 2016
9 december 2015
SDS League: Lolke pakt wykpriis!
10 december 2015

Klaaikeamerhumor
Werom fan it fjild yn de klaaikeamer en dan efkes bekomme. Dan betinkt er soms wol  ien wat. Dan moatte de oaren gnize en dan hawwe je klaaikeamerhumor. Sjoch
hjir

Programma sneon
Sjoch
hjir foar it programma fan sneon.

Bartsjinst
Sjoerd Rispens hat jûn bartsjinst, dus wy ferwachtsje in âlderwetske Europa-League jûn mei alderaardichste krystmuzyk op de eftergrûn. Sjoerd sil it fêst smûk meitsje.

Nije spylster
De VR1 binne tige suksesfol dit seizoen, mar dat hâldt harren net tsjin om de transfermerke op te gean: Akke Rixt Zijsling hat lange tiid de oranje kleuren fan ONS oan hân, mar sit no bij it team fan SDS VR1. At jim witte wolle wa’t er allegear noch mear bij sitte, sjoch dan
hjir

SDS B1 wint
B1 hat justerjûn spile tsjin Nijland B1 en wûn mei 5-3 yn Nijlân.

Seal
De sealfuotballers binne ek wer drok dwaande west justerjûn. Sy wûnen mei 9-6 fan Woudsend 1 yn in lykopgeande wedstryd oan ’t 5-5. de ploegen skoorden omstebeurten oan ’t SDS yn de twadde helte útrûn fan 5-5 nei 8-5. Yn de lêste 10 sekonden foelen nochde 9-5 en 9-6.
De oerwinning kaam mei ta stân troch it knappe betsjinjen fan it skoreboerd troch Willem Twijnstra en it oanmoedigjen fan Dirk Stegenga.

Lytse poppe
Jentsje Jorritsma en syn Marrit hawwe juster in lytse poppe krigen. Lytse Esmee en heit en mem meitsje it goed. Tige lokwinske!

SDS League
Jûn leit de nijste stân fan de SDS League wer yn de kantine en stiet hy hjir moarntemoarn op de webside.

1988

Doe’t de kantine der oars útseach en Easterein noch Oosterend wie: SDS – Hubert Sneek. Hawwe jim wat muoite om it te lêzen, klik dan op it plaatsje dat besparret jim in reis nei Speksevers of Hans Oars.

Harsens derby (1638)
“Tikkie werom, Jaap!”