SDS League: Lolke pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 10-12
9 december 2015
Seleksjes sneon 12-12
10 december 2015

Nei ferline wike “Hey Ho Let’s Go” is it dizze wike “Hey, Hey, my, my” fan Lolke Hofstra dy ’t de wykpriis pakt. Hy hat mar leafst 52 punten en bliuwt dermei syn broer Aant krekt in “Punterke” (5 punten) foar.


Lolke mei de “wykpriis”!

Eeltje Postma pakt dizze wike op ‘e nij de wykpriis net, mar docht al goeie saken. Hy giet oer de Broersma’s hinne en stiet no 2e. Durk Okkema is mei “FC DWO’pke” noch altiten ûnberikber op it 1e plak.

Foar Dirk Stegenga makket allegear neat mear út. Syn fertrouen is sa grut dat wat der ek bard, hy wint mei “Op naar de Coolsingel” de SDS League. It sil ús benije.

Opfallend is dizze wike de opmars fan Dooitze Nauta. Mei “As ik der by bin, winne SDS 1 en 2 altiten” giet hy dizze wike dan eincelijk oer Anne Brouwer hinne mei “JelmaFem”. It ferskil is echter noch altiten minimaal……………

“Waridijk” fan Ralph Wariman en Rudy Dijkstra brekke dan eindelijk troch de magyske 200 punten! Se sjitte der allinnich net folle mei op en steane noch altiten stiif lêst……….

Noch 2 wiken en dan komme wy mei de nijjierssit op 2 jannewaris yn de kantine mei de einútslach fan de SDS League.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10