Weppers tiisdei 9-6-2020

Keapje in seizoenkaart fan sc Heerenveen of ferling him en stypje SDS!
9 juni 2020
Sneon 4 july sponserrin en sc Heerenveen-clinic!
12 juni 2020

Fan herte lokwinske!

Hjoed  hat Rients (Kick is syn bijnamme) Smit út Wommels syn jierdei. De  eardere fuotballer fan SDS  en no trou supporter wurdt hjoed mar leafst 85 jier.,
Hij is dus berne yn 1935. Hoe’t it der yn 1935 hinne lei mei it “betelle” fuotbal kinne jim hjir sjen.

1992

“De grutte ferliezer tsjin de lytse kampioen” dat wie de tekst yn de adfertinsje om de jubileumwedstriid  fan SDS 1 tsjin sc Hearrenfean 1 oan te kundigjen doe’t SDS 45 jier bestie. Sjoch hjir foar wat  mear dokuminten oer dat jubileum.

Lestige nammen


Wij hawwe alris earder skreaun dat it goed skriuwe fan nammen in keunst is en dan hawwe wij it net oer in lestige namme as Gertjan of Gert-Jan of Gert Jan.
Yn 1992 waarden de nammen fan de seleksje fan SDS 1 op tongersdeitejûn noch útwiksele mei de tillefoan en yn Aldehaske hearden se hiel wat oars  dan at er Easterein ynsprutsen waard. Der binne in pear nammen goed skreaun mar  foar de rest……

De kantine iepen!

By fuotbalklup Excellent yn Oploo hawwe sy it knap foarelkoar. Sy hawwe it op in akkoardsje smiten mei pleatselijke doarpskroech La Marmotte en dat betsjut dat de fyuotbalkantine no foartaan in kroech is. Sa mochten sy al per 1 juny iepen en hoefe sy net oant 1 july of noch letter te wachtsjen. Sjoch hjir.

De Skoalleseize is drok mei de gemeente SWF yn petear om foarinoar te krijen dat de kantine ynkoarten wer iepen mei.

Seizoenkaart sc Heerenveen

Sc Heerenveen hat ynmiddels 4000 seizoenkaarten ferkocht. Hjir kinne fansels noch folle mear by. Asto dyn seizoenkaart fan sc Heerenveen ferlingen giest of do keapest ien dan is dit de SDS-code; 7059420. SDS krijt fan eltse ferkochte of ferlingde seizoenkaart wêr ’t de SDS-code ynfuld wurdt €10,-. It soe moai wêze as wy as SDS’ers op dizze manier sawol sc Heerenveen as SDS stypje kinne!
Klik hjir om je seizoenkaart te ferlingen of te keapjen. Giesto foar it Gouden of Sulveren Pompeblêd?

Harsens derby (2235)

Knappe sliding……………