Weppers tiisdei 9-11-2021

Sneon 6-11-2021
5 november 2021
SDS-League: ‘De bêste tipper fan Jorwert’ pakt de wykpriis!
10 november 2021

Sneek Wit-Zwart 1 – SDS 1

De troch koroana útstelde wedstriid fan sneon fan SDS 1 is op nij fêststeld troch de KNVB. Op tiisdei 23 novimber wurdt de wedstriid no spile. It begjint om 19.30 oere.

SDS oefent net tsjin IJVC

SDS 1 soe kommende tongersdei oefenje tsjin IJVC, mar dit giet net troch.

SDS zoekt oefentegenstander voor dinsdag 16 november

SDS (3A) zoekt een tegenstander om tegen te oefenen op dinsdagavond 16 november om 20.15 in Easterein. We beschikken over een mooi kunstgrasveld en verlichting. We zoeken een tegenstander uit de 2e klasse t/m de 5e klasse.
Voor meer informatie bel Douwe Posthuma: 06-18855948

SDS seal

Woansdeitejûn brânt SDS seal der wer yn. Tsjinstanner is NTW 2.
Plak fan barren is Easterein en it begjint om 21.00 oere.

Kollums

It AD hat in oantal hearlike kollumskriuwers.
Wat Thijs Zonneveld ferline wike skreaun oer Dick en Wes dat wie smulle fûnen wij en net allinne wij krije in goed sin bij Dessers mar ek Sjoerd Mossou sjocht it wol yn him sitten.

De nije stân fan de SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League kinne jim hjir moarn op de webside ferwachtsje.

In pannakoai


It is net in koaike mar in echte koai. Hast nearne sjogge je sa’n moaie grutte pannakoai. De ûndergrûn wurdt noch bijwurke, it ljocht wurdt noch oansluten en dan is hij hielendal klear: de pannakoai yn Nijlân.
Der waard sneon al aardich gebrûk fan makke.

 

Nei Sc Heerenveen – PSV foar mar 10 euries

Om ’t SDS in gearwurking hat mei sc Heerenveen kinne alle SDS’ers op snein 28 novimber al foar 10 euries nei sc Heerenveen – PSV. Dêr fan giet dan ek noch €2,- nei SDS. Jim kinne hjir kaartsjes bestelle.

Harsens derby (2323)

Hange…………….. ho……