SDS-League: ‘De bêste tipper fan Jorwert’ pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 9-11-2021
9 november 2021
Weppers freed 12-11-2021
12 november 2021

‘De bêste tipper fan Jorwert’ fan Annejan Hallema pakt dizze wike mei oermacht de wykpriis yn de SDS-League. Hy hie mar leafst 59 punten. Dat binne der 7 mear as ‘The Jelsmanian Devils’ fan Jan-Simon Jelsma en 11 mear as ‘Wout & Harm’ Dijkstra. Sy stienen alle 3 ûnderyn, mar klimme no dochs wat yn de stân.

Wy binne noch lang net fan ‘Covid-11’ ôf, want Dirk stiet mei syn team sels al 19 punten los fan nûmer 2, ‘MarkrEeltje’. Tredde stiet no ‘Postmeister’ fan Jelmer Posthumus op 22 punten.

Johan Delfsma is meast ien dy’t rêstich oan begjint yn de SDS-League en dan hiel stadich boppe driuwen komt. Dit kear stiet mei ‘Easy Money’ noch altiten 44e en koe it wolris te lang te ‘easy’ oan gean…..

‘Moast dy bal foArjan’ fan Stefan van der Velde bliuwt reade lantearndrager en hat no 10 punten efterstân op nûmer ien nei lêst ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber.

 

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 8