SDS Vr.1 spilet moarn om 19.00 oere de derby thús tsjin Tzum Vr.1. De seleksje fan SDS Vr.1 sjocht der sa út:
Marjo, Gerry, Sieta, Richtsje, Dina, Seriette, Femke, Kirsten, Elske, Akke-Rixt + 1 famke
Alissa en Jeska komme letter, Hester komt de 2e helte.
Nei de wedstriid tusken SDS Vr.1 en Tzum Vr.1 kin yn de kantine sjoen wurde nei de Champions-Leaguewedstriid tusken Ajax en Tottenham Hotspur en fansels noch efkes neipraten oer SDS Vr.1-Tzum Vr.1.
De keepster fan SDS Vr.1, Marjo Groothof, hat in kursus dien foar keeperstrainster en is hjirfoar slagge! Fan herte lokwinske!
De slotjûn foar de jeugd is op freed 24 maaie. Hjir kinne jim letter mear oer lêze.
Op sneon 25 maaie slút SDS it seizoen ôf mei in spetterende slotjûn foar de âlde junioaren, senioaren, froulju, supporters en frijwilligers fan SDS. Sjoch hjir mar ris!
Yn gearwurking mei Muta-Sport kinne wy noch in pear SDS-tassen ferkeapje foar mar 15 euries!
Wolle je ek sa ’n tas, keapje dan moarn ien yn de bestjoerskeamer!
Der binne noch mar 2 tassen te krijen.
De nûmers 59 en 61 binne noch beskikber.
Op=op!
Underyn de tas sit in spesjaal fak foar de fuotbalskuon.
Normaal koste dizze tassen 33 euries.
Ho!
Sensational football 😂😂#SundayLeague pic.twitter.com/nlaOa2qd54
— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 7 mei 2019
Letter mear!