Weppers moandei 6-3-2017

Weppers snein 5-3
5 maart 2017
Weppers tiisdei 7-3
7 maart 2017

Te wiet

Der kin hjoed net efter de sporthal traind wurde. It is dêr te wiet.

Begelieding SDS-Mini-League socht!

Wa liket it wat om op sneon de protters fan de SDS-Mini-League wat te begelieden?
Dit bard op sneons meast rûn in oer as 10.00 oere.
Wa ’t it wat liket mei kontakt opnimme mei Tjerk van der Pol (tjerkvanderpol@home.nl).

SDS Vr.2 deikampioen!

Freedtejûn wie it safier:de earste kompetysjewedstriiden fan de dames 2 fan SDS. Nei de oefenwedstriid fan de foarige wike, wisten we, dat d’r noch wol wat wurk oan de winkel wie! Mar hawar: nieuwe ronde, nieuwe kansen. Trochdat ús team net hielendal kompleet wie, wienen d’r twa fruolju fan dames 1 mei: Sanne Rixt Jorritsmaen Tjitske Heeres. We begongen mei op doel: Anneke Gaastra, efteryn Sanne/Anne Postma en Petra Zuidema, yn it midden Lize Schuurmans, Serrietta Strikwerda en Tjitske. Foaryn Rajsa Frenken, ôfwisselend mei Tjitske en Sanne. Letter hat Anne linksfoar stien. We moatte noch in bytsje sykje nei ús posysjes. De earste wedstriid tsjin Joure; je koenen sjen dat die wol faker al fuotballe hienen. Nei sa’n 5 minuten skoorden sy dan ek. Lang koenen se d’r net fan genietsje want in oantal minuten letter waard it 1-1. Sa gong it dizze wedstriid; 2-1, wer 2-2, 3-2, wer 3-3. En ja oan it ein fan de wedstriid skoorden wy!! Bliksem we hawwe wûn! Euforisch gongen we de twadde wedstriid yn tsjin Boalsert. Boalsert hie noch net sa faak traint en wy fernamen dat hjir wol wat te heljen foel. Tja, as je de topskoorder fan SDS mei hawwe……. We hienen d’r nocht oan en hienen betiiden al krease aksjes!! Tjitske skoorde 3 kear en Serrietta twa kear. Alwer wûn!! Spitich genôch rekke Serrietta wat blesseert, dus moasten we dochs mear fan Sanne en Tjitske gebrûk meitsje. Dan de tredde wedstriid tsjin de Black Boys (girls). Oan beide ploegen wie te fernimmen dat dit de lêste wedstriid wie. It ein al wat yn de bek. We kamen mei 1-0 efter. Mar de fruolju fan Black Boys hawwe ús in bytsje op wei holpen; sy makken in eigen doelpunt…… Tja se lieten doe de kopkes wol wat hingje. En sa’k sei ek wy wienen wol wurch. Mar Rajsa makke it winnende doelpunt!!!!
Wy binne “dagkampioen” !!!!!!!!!
Miskien is it begjinnersgelok, miskien kaam it ek troch de fruolju fan dames 1, mar dit priuwt seker nei mear!!!!
Anneke

Kom ek by SDS Vr.2!

As der noch fruolju binne wer’t ik ek by begjint te kriebeljen: kom ris lâns op ús trainingsjûn! Else woansdei fan 19:30-20:30. En je hoege beslist net fuort mei de wedstriiden, ek allinnich trainen is mogelik. Gesellige groep fruolju en efkes lekker búten bezich, mei as trainer Douwe Durk Reitsma. Jou it dan mar efkes troch oan Anneke Gaastra: 06-12897631 of Jacomien Heeres: 06-14612155.

JO17-1 op Skylge


Sneon mochten de jonges fan JO17-1 nei Skylge om dêr te fuotbaljen. Sij wûnen en hiene mei dêrtroch in hiele moaie jûn, te sjen oan de facebookfoto’s hjir en dêr. Gelokkich levere Wichard Deinum in foto oan dat se ek op it sportpark west ha, sadat wij ús ek noch ôffreegje at Klaas Overal der ek wie…..Wij sjogge nammentlik allegear tegels.

Klupnammen

Under de titel “de 30 mooiste amateurvoetbalclubnamen van Nederland” hat immen in moaie sammeling makke. Wol aardich om nei sommige bijsûndere nammen te sjen, hoewol it wat disktabel is want at Thor der net bij stiet dan is is dat wol wat frjemd. Sjoch hjir.

Keepersdei op 22 april

Op sneon 22 april wurdt der by SDS in keepersdei organiseare. Jim koenen der al mear oer lêze yn de Treffer. Al in hiele bult bern hawwe harren hjir foar opjûn. Wy kinne yn elts gefal wol fêst melde dat der troch de enorme belangstelling der foar soarge is dat der noch wat ekstra plakken bykommen binne. Der kinne noch 3 jonkjes/famkes by dy ’t spylje yn de JO11-of JO9. Je kinne je opjaan troch te mailen nei keepersdagvvsds@ziggo.nl. It kostet €10,- p.p.

De pas

It is wat mei mei de kontrôles en de passen. Takem jier wurdt it wer oars? Fanôf 4 maart is der in tuskenmaatregel. Sjoch hjir.

Stim op SDS!

Sa ’t jim witte docht SDS mei oan de sponsermuntenaksje by de Poiesz. SDS kin ekstra munten fertsjinje troch stimmen binnen te heljen. Eltse dei op ‘e nij. Jim kinne hjir stimme. It is yn 2 tellen klear en it docht net sear. Je kinne sels ek noch Poiesz-weardebonnen winne. Je kinne dus eltse dei stimme! En stim oars efkes mei it hiele gesin!
Net stinne, mar stimme!!

Spyldagenkalinder 2017-2018

Takom jier is it net allinnich oars mei de passen, mar is ek de spyldagenkalinder oars. Sa begjint de kompetysje foar SDS 1 en 2 pas op 23 septimber. De bekerwedstriden binne yn de 3 wykeinen hjir foar. Sjoch hjir foar de hiele kalinder.

Harsens derby (1843)

Neffens ús in perfekt staaltsje fuotbalhumor, al tinkt Ron Jans dêr oars oer……