Weppers tiisdei 6-11-2018

Sneon 3-11
2 november 2018
Jeugdfrijwilligers socht!
7 november 2018

SDS 2 bekert jûn

Jûn om 20.00 oere de bekerwedstriid SDS 2 – Blauw Wit ’34 2. Skiedsrjochter is dhr. Van Zutphen.
Blauw-Wit 2 spilet yn de Reserve 1e-Klasse en stiet 6e. SDS stiet yn de Reserve 2e-Klasse 7e.
De seleksje fan SDS wurdt jûn om 19.00 oere yn de boks ferwachte.
Hjir de opstelling foar jûn:
Marten
Bote      Jort    Feite         Jorrit
Sjoerd        Anne               Yward
Arjen
Ralph                          Dirk

Wiksels:
Inne
Lieuwe
Niels
Hendrik

Stân fan saken

De standen fan alle alvetallen fan SDS oant sneon ta.  Sjoch hjir.

Seal op woansdei

Woansdeitejûn kinne se yn de seal yn Easterein wer los mei SDS 1. NTW is de tsjinstanner en dy komme út Akkrum.

Skjin


De sjurtsjes fan JO17-1 binne wer skjin en rûke hearlik, hawwe wij begrepen

Beker: SDS 1 – Waskemeer 1

Sneon om 14.30 oere spilet SDS 1 foar de beker thús tsjin Waskemeer 1. Waskemeer 1 spilet yn de 3e-Klasse B en stiet 7e. SDS stiet 7e yn de 3e-Klasse A.
Wy binne wol benijd as SDS en Waskemeer alris earder tsjinelkoar fuotballe hawwe. As jim der mear oer witte lit it ús dan witte.

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuhhh!!

Wiebe Heeres fan SDS 1 is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

‘Hieperdebult Hoeraaaaaaaaaaa……..’;)

De nije SDS-League

Woansdei komme wy wer mei de nijste stân fan de SDS-League. Soe Rick noch boppe-oan stean?

 

Harsens derby (2069)

Dat docht Henk Bootsma knap!