Weppers tiisdei 5-3

Weppers moandei 4-3
4 maart 2013
Weppers woansdei 6-3
5 maart 2013

15.30?
As wy it goed heard hawwe dan soe it wolris hiel goed kinne dat SDS 1 sneon thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen spilet om 15.30.

Trije
De sealfuotballers fan SDS 1 meie moarntejûn wer los. Opfallend by SDS 1 is dat Johan Heerma dit seizoen de minst passearde keeper is yn de yn de 4e Klasse 03. Opfallend is mei nammen dat hy iets mei “3” hat. De lêste 3 wiken krijt hy eltse kear 3 doelpunten om de earen en nei 12 wedstriden hat hy 36 goals tsjin oftewol in gemiddelde fan 3 per wedstryd. It kin dan ek net tafallich wêze dat sy moarn tsjin SWZ 3 moatte. Sy meie thús om 20.30 los.

Kwoot fan it wykein
De moaiste fuotbalkwoot fan it ôfrûne wykein wie fansels fan ynterim-trainer Alfred Schreuder fan FC Twente. Nei 3 minuten kamen sy al mei 1-0 efter tsjin Ajax en wat sei hy nei de wedstryd; “”tot de 1-0 was er niets aan de hand…………….” 

Rinsma foar Remco
Yn it ramt fan Rinsma foar Remco sil der op snein 21 april ien en oar te belibjen wêze yn Easterein. Sa sil der û.o. follybald en strjitfuotbald wurde. Ynkoarten mear hjiroer. 

Harsens derby(971)
In protte manlju soenen nei sa ’n aksje alles yn de tiezen hawwe: