Weppers tiisdei 4-2

De nije SDS League!
3 februari 2014
Weppers woansdei 5-2
4 februari 2014

SDS League
Jim kinne hjir alles fine oer de twadde helte fan de SDS League. Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 15 febrewaris 19.00.
Wat soe it dochs aardich wêze as wy wer ris op 100 dielnimmers komme!
Doch dêrom allegear mei!

Op it gemeentehûs
Fedde Wiersma fan de Skoalleseize hat juster yn it gemeentehûs de riedsleden en B&W noch mar ris dúdlik makke dat SDS hiel hurd ta is oan in keunstgêrsfjild, nije boksen, in fergrutting fan it B-fjild en it útwreidsjen fan it trainingsfjild nei in wedstrydfjild. Mar leafst sa ’n 50 SDS’ers hie der efter him stean, mar it liket derop dat de gemeente net genôch jild hat om mei it folledige bedrach sa ’t troch de Skoalleseize oan de gemeente frege is oer de brêge te kommen.
Op ‘e Skille ferwurdet it sa(klik hjir).

Traine SDS 1 en 2(3)
Sawol SDS 1 as SDS 2(3) traine jûn yn Easterein om 19.00.

Seal
De froulju fan SDS sille, as Pieter Veenje grien ljoch jout, woansdeitejûn yn de seal traine fan 20.30-21.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Seal(2)
SDS 4 traint tongersdeitejûn wer yn de seal. Sy traine fan 21.00-22.00. Ek allegear wer efkes in eurootsje meinimme.

Seal(3)
De seal is kommende sneon frij fan 9.00-12.00. As der in team fan SDS is dy ’t hjir gebrûk fan meitsje wol dan mei dy efkes maile nei
info@vv-sds.nl. Dit kin ek foar in part fan de 3 oeren fansels.

Frij
SDS 1 kommende sneon frij. Nije wike sneon spylje sy thús om 14.30 de derby tsjin Mulier 1.

Programma sneon 8 febrewaris
Foar kommende sneon stiet der ien wedstryd op it programma yn Easterein. SDS 2 spilet om 14.45 thús de ynhelwedstryd tsjin Zwaagwesteinde 2.

Harsens derby(1204)
Hjoed in alderaardichste “ass”ist fan Wesley Sneijder: