Weppers woansdei 5-2

Weppers tiisdei 4-2
3 februari 2014
Weppers tongersdei 6-2
5 februari 2014

Hartstikke moai!
Super, tige tank dat der sa folle leden en supporters moandeitejûn yn Wommels yn het gemeentehûs wienen.

We sille de kommende 14 dagen de politiek wer benaderje om mear jild los te krijen.

Dit sil dreech wurde mar we moatte troch sette.

Mar de belangstelling fan de leden wie poer bêst! 

Groetnis

It bestjoer.

SDS League
Jim kinne
hjir alles fine oer de twadde helte fan de SDS League. Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 15 febrewaris 19.00.
Wat soe it dochs aardich wêze as wy wer ris op 100 dielnimmers komme!
Doch dêrom allegear mei!

Seal
De seal is kommende sneon frij fan 10.00-12.00. As der in team fan SDS is dy ’t hjir gebrûk fan meitsje wol dan mei dy efkes maile nei
info@vv-sds.nl. Dit kin ek foar in part fan de 2 oeren fansels.

Seal(2)
De D1 makket sneon gebrûk fan de seal. Sy sille fan 9.00-10.00 efkes noflik sealfuotbalje.

Net oefenje
SDS 1 soe tongersdei oefenje tsjin Sneek-Wit/Zwart  (sneons) op it keunstgêrs yn Snits. Jaap de Blaauw meldt ús krekt dat dizze wedstryd net trochgiet.

SDS 1 derop út!
SDS 1 is sneon frij, dus dat betekent dat sy freedtejûn ien keapje kinne. Sy sille dat dwaan yn Wolvegea op it Victoria Park by de hynders(klik
hjir).

Harsens derby(1205)
Gjin goal, mar wol in âlderwets moaie sleepbeweging!