Weppers tiisdei 30-7-2018

Tarieding SDS 2 op seizoen 2018-2019
29 juli 2018
Weppers moandei 6-8-2018
6 augustus 2018

Lokwinskhuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuhuhhhhhh!!!

De lieder en spiler fan SDS 3, Harm-Auke Dijkstra is hjoed jierdei! Wy winskje him in hiele noflike dei ta en in bult jierren yn sûnens!!

Bekersneon 1 septimber

Noch efkes geduld en dan barst it fuotbalseizoen wer los. Op sneon 1 septimber barst de bekerkompetysje los en hawwe wy yn Easterein in folslein bekerprogramma mei ûnder oaren thúswedstriden fan SDS 1 en 2. SDS vr.1 moat út.

SDS oefent net tsjin Foarút, mar tsjin AVC

Op tiisdei 28 augustus soe SDS 1 oefenje tsjin Foarút 1, mar om ’t SDS ek al tsjin Foarút moat yn de beker sil SDS 1 no tsjin AVC thús oefenje op tiisdei 18 augustus om 20.00 oere.

Staantribune

Ynkoarten hat SDS in nij reklameboerd oan de kant fan it fjild stean fan ‘Staantribune, it blêd oer fuotbalkultuer!’ ‘Staantribune’ is in aldernoflikst fuotbalblêd en as tsjinprestaasje hat SDS ûnder oaren alle nûmers fan Staantribune krigen. As je no in pear nûmers mei hawwe wolle op fakansje lit it ús dan efkes witte fia info@vv-sds.nl. Wy hawwe al ûnderfûn dat it tige de muoite wurdich is! Hjir kinne jim alles oer Staantribune fine.
Afbeeldingsresultaat voor staantribune magazine

PC

Moarn is der wer de jierlijkse PC yn Frjentsjer. Ferline jier stie der mei Jacob-Klaas Haitsma sels noch in SDS’ers yn de finale. Dit kear dogge de SDS’ers Bauke Dijkstra en Jacob-Klaas Haitsma mei en de âld-SDS’ers Jelte-Pieter Dijkstra en Dylan Drent. Wy binne benijd! De lotting kinne jim hjir fine.

sc Cambuur by De Potten

De seleksje fan sc Cambuur docht fannemiddei in alternative training op kamping De Potten yn Offenwier. Nei de tiid is der in handtekeningensesje.
foto van RCN De Potten.

Harsens derby (2039)

De VAR yn Afrika!