Weppers tiisdei 30-3

Weppers moandei 29-3
29 maart 2010
Weppers woansdei 31-3
30 maart 2010

A1
Klaas Pompstra wie sneon wer mei de A’s mei. En hij fynt skriuwen noch altyd leuk. Syn
ferslach.

De SDS-famkes
Woansdeitejûn om 19.00 spylje de famkes fan SDS D4M harren ynhelwedstryd tsjin Leeuwarden D5M. De muoite wurdich tochten wy om efkes yn Easterein te sjen.

KNVB
De lieders fan SDS 5 hawwe harren teloarstelling oer it ferrin fan dit seizoen en mei namme hoe’t no fierder moat mei de 11 wedstriden dy noch spile wurde moatte, op papier setten. Sij binne bliid dat it bestjoer fan SDS dizze saak oankaart bij de KNVB.

Sportspotje

Yn de Ljouwerter Krante stie moandei ek al wer in sportspotsje oer it net fuotbaljen fan SDS. Wij fertinke ien fan de webmasters fan lekken.

Tiisdeitejûn sealfuotbaljûn?
De sealfuotballers fan SDS 2 spylje jûn in derby út tsjin Bolswardia 3 om 19.30.
SDS 1 is op ‘e nij frij.

SDS League
Wy ferwachtsje tongersdei hjir de nijste stân fan de SDS League.

Oan ’t 8 maaie?
Wy binne efkes it programma fan SDS 1 en 2 neirûn op Voetbal.nl en binne der eins wol wis fan dat de KNVB it seizoen ferlingd hat mei in wike. De lêste wedstryd fan it seizoen soe wêze op sneon 1 maaie, mar wurdt no sneon 8 maaie. It betekent dat SDS 1 sneon 17 april al frij is.

Foeilelijke sjurts (12)
Hjir wer in écht jierren 90 sjurt. It is fan Arsenal út it seizoen ’90-’91. It wurdt je wazich foar de eagen. 
Arsenal shirt
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (177)
Zlatan Ibrahimovic die dit wykein wer ris mei by Barcelona en liet op ‘e nij sjen geweldich fuotbalje te kinnen. Hjir wat nijs. De “back-pass”: