Weppers moandei 29-3

Weppers snein 28-3
27 maart 2010
Weppers tiisdei 30-3
29 maart 2010

Fuotballers yn bandsjes
Nije wike moandei is Aaipop yn Nijlân. Yn it ferline stie hjir noch wolris in SDS’er op it haadpoadium lykas Folkert-Rients Vellinga mei Sebeare. Kommende moandei stiet der ien âld-SDS’er op it poadium. Dit is Leo Smit(earder Wommels) mei deRoels. Dochs hie it foar itselde jild kinnen dat sommige SDS’ers net fuotballe hienen, mar yn in band spilen. Sy hawwe it úterlik der hielendal foar. Wy sille fan ‘e wike ris sjen as wy guon fine kinne. Op dizze Ingelse webside hawwe sy it deroer dat je fan sommige fuotballers ek hielendal net sizze soenen dat sy überhaupt fuotballer binne. Sy hienen foar itselde jild in oare baan hân: “Similarly, Arjen Robben and Dirk Kuyt look like they work in the same call centre”(klik hjir).

Foto’s SDS 1 – Broekster Boys 1
Mear foto’s fan de wedstryd tusken SDS 1 en Broekster Boys 1 kinne jim fansels fine op de webside fan
Henk Bootsma.


16x ôflast!
16x is der dit seizoen al in wedstryd fan SDS 5 ôflast. Sy moatte no noch 11 wedstriden fuotbalje. Ôfrûne sneon waard de wedstryd oardel oere foar it begjin fan de wedstryd ôflast. Je kinne je begripe dat je dan op gegeven in momint wat gremietich wurde (klik hjir).

Foeilelijke sjurts (11)
Tsjonge, jonge, jonge.
Dit is net best. Hjir Notts County. As sponser hawwe sy Harp-Lager. Dêr hat de ûntwerper by it ûntwerpen fan dit sjurt fêst goed fan preaun……:


Dy spylje seker allinnich op snein?
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Lens
“Wa makke dy 3 goals foar AZ, heit?”
“Lens, Pieter”.
“Oh, Lo-Lens?”

Harsens derby (176)
De beste sealfuotballer fan it momint is Falcao út Brazilië. Jim hawwe hjir wolris faker in filmke fan him sjoen. Meastentiids docht hy wat mei in bal wat je better sels net probearje kinne, sa as in lobke yn de seal: