Weppers tiisdei 3-5

Weppers moandei 2-5
2 mei 2011
Pasfoto ynleverje!
2 mei 2011

Trainen A- en B-junioaren
Woensdagavond 4 mei trainen de A en B junioren van 18;30 tot 19;45.
Groetjes, Lodi


Wedstryd fan E1 ferskood

De wedstrijd van de E1 van zaterdag 7 mei is verplaatst naar maandag 9 mei a.s. om 19.15. 
Graag om 18.45 in de box in Easterein. De wedstrijd is tegen Heerenveen E3. 
Groet, 
Sietske en Lieuwe

Slotjûn jeugd
De slotjûn foar de jeugd(D-, E- en F-pupillen) is dit jier op 20 maaie. Jim kinne der
hjir alles oer lêze.

SDS 5 wint fan SVN ’69
SDS 5 hat justerjûn mei 3-1 wûn:
0-1
1-1 Willem Veenstra
rust
2-1 Harm Auke
3-1 Hendrik E.

Ralph en Neeltje
By de kampioenswedstryd tusken Ajax en FC Twente sitte yn elts gefal 2 SDS’ers yn de Arena. Ralph en Neeltje wienen de ienige dy ’t safolle fertrouen yn in goeie ôfrin foar Ajax hawwe dat sy inkelde wiken werom al kaarten foar dizze wedstryd helle hawwe. No mar hoopje dat it goed giet…….

Makkum
Út ferskeidene ûnbetroubere bronnen hawwe wy fernaam dat der inkelde SDS’ers yn de belangstelling stean fan oare klups. Yn elts gefal soe in wat âldere ferdigener dy ’t ek sealfuotballet yn de belangstelling stean fan Makkum.

Harm-Jan
Harm-Jan Kamstra stie ôfrûne tongersdei by SDS 1 op ‘e goal en dat makket dat hy dit seizoen yn alle senioarenteams fan SDS wolris keept hat. Útsein SDS 4 dan, mar dat is der net mear.

Jelte-Pieter
Jelte-Pieter Dijkstra syn mem ferwachtet net dat hy jûn mei SDS 3 meifuotballet tsjin Mulier 2:
Der stiet op de side(sjoch weppers moandei) dat Jelte-Pieter jûn ferwachte wurdt by it tredde mar hy sit mei syn skoanfamylje yn Turkije.
It wurdt it hiele toer om him hjir op tiid wer te krijen.

Harsens derby (463)
As hy de bal goed rekket dan sit dy. No, ja…….. As hy de bal mar rekket………..