Weppers snein 1-11

Ut- en ferslaggen 31-10
29 oktober 2015
Weppers tiisdei 3-11
2 november 2015

40 jier troud

Klaas Overal, flagger bij SDS A1 docht de warming up. Dat wie juster. Op die dei wie hij ek 40 jier troud. Mei Boukje, sa lit hij ús witte. Foar de sekerheid.
Want soms seit Boukje wolris mei in knypeach : “do bist hast mei SDS troud”.
Wij tinke dat dat gâns mear is as dy 40 jier…… 
Klaas en Boukje fan herte lokwinske…

Pupil fan de wike

Dit is FC de Walperterwei. Teun Heeres en Yke Gaastra. En Yke lit ús witte dat hij in prachtige dei hân hat.

Pupil fan de wike

Pieter van der Valk dy woe graach mei Jelmer Posthumus op de foto. En dat wylst Jelmer al oan de kofje siet.

Nije doelman?

Nei ôfrin fan SDS1 – Makkum 1 woe Pieter van der Valk ien fan de pupillen fan de wike noch wol efkes op it grutte doel sjitte. En wa moast er op it doel? Krekt syn heit Klaas.

Foto’s
Henk Bootsma hat juster wer aardich wat plaatsjes sjitten by SDS. Jim kinne se hjir fine.
Permalink voor ingesloten afbeelding
Foto Henk Bootsma