Weppers tiisdei 3-10

Weppers moandei 2-10-2017
2 oktober 2017
Bistedeiweppers
4 oktober 2017

SDS-klean te keap!

Kommende sneon stiet Douwe-Dirk Reitsma wer mei SDS-klean yn de kantine fan 10.00 oere oant 11.00 oere om te ferkeapjen.

Marco Hoekstra nije directeur fan de KNKB

De haadtrainer fan SDS, Marco Hoekstra, wurdt per 1 jannewaris directeur fan de KNKB. Fan herte lokwinske!

Marco Hoekstra nieuwe directeur!

Tas fûn?

Jildert van der Werf fan SDS 2 koe ôfrûne sneon syn tas net mear fine yn de kantine. It is in swarte tas mei reade fuotbalskuon. Wa ’t him sjoen hat mei maile nei info@vv-sds.nl.

Oktoberfest

Sneon waarden der by it Draaiend Rad nei ôfrin fan de wedstryd SDS 1 – Oudehaske 1 frijkaartsjes ferlotten foar it Oktoberfest yn de Tsjerne. Rients ‘Kick’ Smit wûn in frijkaartsje mei bypassende bril.

SDS-League

Wy binne altiten benijd nei de nammen fan de teams dy ’t meidogge oan de SDS-League. De iene coach is wat ynfentiver as de oare en foar de ien is it ek wat makkelijker as de oare. Nim Habtamu de Hoop bygelyks. Wy hienen al in rygje nammen foar him klear; ‘Er is De Hoop’, FC ‘Hoopeloos’, ‘FC De Hoop van Zegen’, ‘FC De Hoop Schepper’, ‘FC GDHEL (FC Geloof, De Hoop en Leafde)’ en noch folle mear! Habtamu woe der neat fan witte en komt mei iets folle orisjinelers; ‘Stem Habtamu de Hoop op 22 november!’

Harsens derby (1930)

Dochs in leuk passke fan dy Balotelli!

 

Letter mear!