Weppers tiisdei 29-6

Wk tuskenstân nei 54 wedstriden
28 juni 2010
Wk tuskenstân nei 56 wedstriden
29 juni 2010

Oefenje (1)
It Wk is noch drok dwaande mar it betlle fuotbal is al wer dwaande mei folgend seizoen. Sa oefent sc Hearrenfean woansdeitejûn wer tsjin in regio team yn Gaasterlân. Dizze kear wurdt de wedstriid spile yn Koudum om 19.00 oere.

Oefenje (2)
Cambuur oefent dizze wike ek al. Sneontejûn komme sij nei Nijlân. Sij spylje dan tsjin
it regioteam wat tiisdeitejûn efkes traind hat. Dy wedstriid begjint om 18.00 oere.

Reade lantearne

Wij hiene it idee om dit jier net in reade lantearne te jaan oan de ûnderste mar de spesjale toeter út Sud Afrika. Jacob Plantinga rint al fêst op de einstân foarút. En oars is der al in moai ein de kant fan Hinnaard út.

Like heech
Dooitze Nauta kin der mar min oer dat hij sa leech stiet. En dat wij dêr wat opmerkingen oer meitsje. No freget hij him wer ôf werom hij mei like folle punten ûnder ien fan de webmasters stiet.  Beste Dooitzen dat hat te meitsjen mei it feit dat de A (fan Aant) iets earder yn it alfabet komt as de D. En mocht dy regel problemen jaan (bijgelyks bij de W fan Willem) dan is de regel wa ’t it langst hier hat op ‘e holle of ûnder it kin, of wa’t tichst bij de webmasters wennet.

Accelent-WK-League
Ek by Accelent, kosponser fan SDS hawwe sy in WK-League. Sy brûke deselde puntentelling as by SDS. Opfallend is de kopposysje fan in ferdigener fan SDS 1. Hy hat mar leafst 65 punten mear as de koprinner yn de SDS WK-League. Ek de foarsitter fan VV Nijlân, Arjo van der Wal docht it net gek mei 730 punten. Geartsje Klaversma hat har foarsizzing blykber brûkt foar sawol de SDS- as de Accelent-WK-League. Sy hat yn beide Leagues 620 punten.
Accelent WK-League:

Jacob-Klaas Haitsma 765
Arjo van der Wal   730
Duco Harkema   675
Pietie Harkema  660
Hotze Brouwer 650
Anne Douwe de Boer 645
D.S. de Jong 640
Sybren de Jong  635
Douwe van Dijk 630
Geartsje Klaversma 620
Jeen de Leeuw 615
Aukje de Jong 605
Klaas de Jager 600
Johannes Dijkstra 595
Ruud Koehof 580
Bob Buwalda 560
Gerlof Elzinga 395


Nederlân – Brazilië te sjen yn de Skoalleseize
Dizze freed om 16.00 oere is de kwartfinalewedstriid fan ús Oranje te sjen op it grutte skerm yn de Skoalleseize yn Easterein.
Eltsenien is fan herte wolkom om mei dizze tige wichtige
wedstriid it wykein yn te lûden!

Pake Blatter
Mar 2 linen dogge der ta by it fuotbaljen. Dat binne de twa doellinen fan elk 7.32 meter. Dizze wepmaster en kalker wol dat Pake Blatter dat ek ynsjen giet en hy hat gelyk (klik hjir).

Harsens derby (243)
Frankryk wie dit WK fansels hielendal neat. It wachtsjen is op de nije Zinedine Zidane. Dit sil noch wol 10 jier duorje. De namme is al bekend: Mohammad Madin.