Weppers tiisdei 28-8-2018

Weppers snein 26-8-2018
26 augustus 2018
Weppers freed 31-8-2018
31 augustus 2018

SDS-sjurts en -broekjes ophelje

Sneon meie de measte teams fan SDS los yn de beker. Dat betsjut dat elts team ek SDS-sjurts en -broekjes hawwe moatte. Dizze kinne jûn om 19.30 oere troch de lieders ophelle wurde by it ballenhok.

Oefen: SDS 1 – AVC 1    0-4

Tiisdei 28 augustus om 20.00 oere.
19.00 oere omklaaie
19.15 oere bespreking.
1 Jaap
2 Bauke
3 Jacob-Klaas
4 Marco (C)
5 Jorrit
6 Wiebe
7 Remco
8 Watze
9 Hendrik
10 Ewout
11 Erik
12 Luuk
13 Wierd
14 Tjitse
15 Steven
16 Gertjan
Korvee Watze en Erik (ynskopsjurts woskje).
Skiedsrjochter: Dennis Vinke

Wedstriidferrin

Wie AVC no sa goed of wie SDS no sa min. Dat wie in bytsje de fraach nei 90 minuten fuotbal.  It antwurd sil wol earne yn it midden lizze, mar feit is wol dat AVC in goed fuotbaljende ploech is, wêr’t spilers elkoar maklik fine kinne en wêr’t kombinearjend nei foaren fuotballe wurdt. Kâns nei kâns krige de ploech fan âld SDS 2 trainer Hylke Schrale en it wie dan ek al gau 0-3 yn de earste helte.  It earste doelpunt wie út in terjochte strafskop takend troch skiedsrjochter Vinke, de 0-2 en de 0-3 foelen dêrnei binnen 5 minuten.

Yn de twadde helte (sûnder de Ajax supporters lâns de line) hast it selde byld. De ploech út Seisbierrum better en SDS in bytsje loerend op in mooglikheid om der út te kommen mei in kounter. It slagge allinne yn it lêste kertier in pear kear, sûnder dat de bal op it doel rjochte waard. It waard noch 0-4.

SDS hat no 270 minuten fuotballe yn dizze oefenkampanje en hat net ien kear skoard. Dat siet er dizze wedstriid (op de lêste 10 minuten nei) ek net yn. Gjin fertrouen, ûnseker hoe’t se spylje moatte en net echt kreatyf.  Dat er 5 seleksjespilers noch op fakânsje binne en der sneon ek net binne yn de earste bekerwedstiid is spitich.

Kantine

De kantine is jûn iepen om efkes yn de rêst in bakje kofje te drinken tidens SDS 1 – AVC 1.

Trainingstiden

Yn dizze lêste wike fan de simmerfakansje kin it noch wolris dat wat trainingstiden oanpast wurde. Sjoch hjir foar de aldernijste fersje fan de trainingstiden.

Bekerprogramma sneon 1 septimber

Ek sa benijd nei it bekerprogramma fan kommende sneon? Sjoch hjirboppe by ‘de wedstriden’.

Ralph & Neeltje troud

Ofrûne freed binne Ralph Wariman (SDS 2) en Neeltje de Boer (foarhinne Vr.1) yn it houliksboatsje stapt. Fan herte lokwinske!

Afbeeldingsresultaat voor huwelijksbootje

Harsens derby (2044)

Net sa handich…………………