Weppers freed 31-8-2018

Weppers tiisdei 28-8-2018
28 augustus 2018
Sneon 1-9-2018
31 augustus 2018

SDS 1 op wei nei de earste oerwinning?

SDS 1 mei kommende sneon at it “om it echt” giet besykje de earste oerwinning fan it seizoen te heljen yn it bekertoernoai. Foarút 1 is de tsjinstanner yn Easterein. Om 14.30 oere sil dizze jonge seleksje foar de punten stride.

13.15 aanwezig
13.30 bespreking

1 Jaap
2 Bauke
3 Jacob-Klaas
4 Marco©
5 Remco
6 Ewout
7 Matthijs
8 Wiebe
9 Wesley
10 Steven
11 Stan
12 Jorrit
13 Watze
14 Pieter
15 Gertjan

Lit SDS 2 de Sweltsjes sûnder punten wer nei Ljouwert fleane?

Ek SDS 2 begjint it bekertoernoai mei in thúswedstriid.  Leeuwarder Zwaluwen 3 is de tsjinstanner en it begjint om 14.30 oere (13.30 der wêze)
Dizze seleksje fan 11 man sil it dwaan moatte:
Marten, Jort, Feite, Jesse, Jurjen, Lieuwe, Anne, Ruurd, Dirk, Jildert en Ralph.

Is SDS 4 al klear foar in bekerwedstriid?

Fanút goed ynljochte kringen hawwe wij begrepen dat SDS 4 dit jier oerwinterje wol yn it bekertoernoai. Dan sille se yn de earste wedstrijd fan it seizoen winne moatte fan Arum/Stormvogels 2. Om 12.30 yn Arum te sjen.
De seleksje:
Kb, Woofer, Allert, Doede S, Hallema, Andries, Peter, Thomas, Sytse, Johan, Steffen, Jelmer P, Eeltje en Gertjan.
11:30 sammelje, bôle mei.

SDS VR1 tsjin  Oudega VR1

Is Oudega VR 1 de angstgegner fan SDS VR1? Wij hawwe it wolris sa heard. Oan de froulju fan SDS saak om ús te oertsjûgjen dat wij dat wurd net wer brûke meie. Om 12.30 yn Oudega.

Krap………….

Troch de fakansje binne de seleksjes moarn noch aardich krap. Vr.1 hat 11 à 12 froulju en ek SDS 2 hat der mar 11. SDS 2 spilet tagelyk mei SDS 1 en sy probearje mekoar wat te helpen. Hooplik is it nije wike oeral wer wat rommer.

Mear bekerwedstriden

Jim kinne hjir sjen wat fan bekerwedstriden der sneon noch mear binne.

Transfermerke

Komt sc Heerenveen noch mei in klapper? Bliuwt Ziyech by Ajax? Hellet Ajax Sol fan Willem II? Hellet PSV de hiele mateploech fan Lozano nei Eindhoven? It kin allegear noch oant jûn 24.00 oere. Wy binne benijd. Jim kinne it hjir folgje.

De nije SDS-League

De transfermerke giet hast ticht, dus dat betsjut tiid foar de nije SDS-League. Nije wike kinne jim de nije formulieren ferwachtsje.

Alderaardichst

Harsens derby (2045)

Wat ús oanbelanget in gouden medalje foar spektakulêrste dûk!