Weppers snein 26-8-2018

Weppers freed 24-8-2018
24 augustus 2018
Weppers tiisdei 28-8-2018
28 augustus 2018

Wepside efkes út de loft

It is lestich dat de wepside ûnferwacht út de loft is, sa as dit wykein. Noch lestiger is it dat wij dat net op de wepside sette kinne. Gelokkich hawwe wij dan noch wol Twitter. Miskien in reden om SDS te folgen op twitter.

SDS 1 spilet gelyk

SDS 1 spile sneontemiddei op eigen fjild in oefenwedstriid tsjin VVI 1. It waard wat in bloedeleaze 0-0. It spul hobbele wat hin en wer sûnder dat it allegear ta hiele grutte kânsen liede. VVI fuotballe iets makliker. Yn de twadde helte drukte VVI SDS in lyts kertierke werom mar yn it lêste healoere fan de wedstriid mei in hiel jong SDS kamen der wat kânskes foar SDS.

SDS 1 oefent tiisdei

Tiisdeitejûn de lêste oefenwedstriid tsjin AVC 1. Om 20.00 oere yn Easterein. Kommende sneon begjint it bekeravontoer fan SDS 1 thús tsjin Foarút.

SDS 2 spilet ek gelyk

SDS 2 hat sneon syn oefenwedstriid tsjin CVVO 2 ek lykspile. SDS kaam mei 1-0 efter, mar wist dit om te bûchjen nei in 2-1 foarsprong. Krekt foar tiid makke CVVO 2 út in penalty gelyk.

Oefene

SDS JO19-1 hat sneon efkes oefene tsjin de JO17-1. Mei gastspiler Peter van de Hoogerwerf waard mei 8-1 wûn al wie dit al wat in flattearde útslach.

Efkes Balje

Wij wiene freed op tiid thús fan it Efkes Baljen. It wiene net de tjustere loften mei rein en tonger dy’t dêr foar soargen, want de buien keazen dúdlik in oare route. It wie ek net it lange gers dat ús besluten die op tiid te stoppen. It gers dat op de dei fan ús útfiering meand wie op in standsje “fierstentelang”. It liket wol of witte se binnen dy fierstentegrutte gemeente it ferskil net tusken in plantsoen, in stik lân en in sportfjild.
Nee, wij wiene te betiid thús omdat the Voice senior op de tv wie. No haw ik dat programma noch nea sjoen want sjury sjowprogramma’s (en ek sjury sporten) kinne mij net bekoare. Mar ik stel mij foar dat yn de Voice Senior lieten fan Anneke Grôhnloh (Brandend zand), Heintje Davids ( Weet je nog wel oudje) , Arie Ribbens (Meisjes met rode haren) en Piet Veerman (Sailing) yn in nije ferzje songen wurde troch grize dan wol keale koppen.
Us finale duorre noch gjin twa minuten omdat ien fan de 12 Efkes Ballers sa nedich dit hielendal sjen woe. Hij wie der mei de kop net mear bij doe’t de klok healwei njoggen oere sloech. Hij gie op syn eigen doelline stean as “ferdigener en doelman” mar hij waard de kening fan de assist foar de tsjinstanner.
Mei wat gong koe hij krekt op tiid thús foar it earste Voice Senior ferske: Gert en Hermien (Eerbied voor jouw grijze haren) yn in net neier te neamen doarpke tusken Littens en Itens, syn teamgenoaten efterlittend yn grutte steat fan ferbjustering en tsjinstanners yn steat fan fernuvering.
Gelokkich hiene dy teamgenoaten de grutte partij wûn en dêr giet it úteinlik om (at de skriuwer dy wint).
Voice senior ploech: Ferrie, Klaas, Frank, Aant, Wybren en Harrie
Winners fan de koarter as twa minuten finale: Menno, Henk, Pieter, Pieter, Wouter, Harm
(aant)

Traine

SDS JO15-2 sil moandei foar it earst wer los op it trainingsfjild. De JO15-1 soe tiisdei foar it earst traine ûnder lieding fan trainer Boudewijn Kramer, mar dat wurdt woansdei………

Johan Wittermans

Ferline wike koenen jim hjir lêze dat der in nije skiedsrjochter tafoegd wie oan it SDS-skiedsrjochterkorps. It gie hjirby fansels net om Joop Wittermans, mar om Johan Wittermans út Snits.

Harsens derby (2043)

Spitich dat SDS 1 sneon net skoorde………. Sy hienen noch sa op it jûchheien oefene!