Weppers tiisdei 27-12

Krystweppers
25 december 2016
Weppers freed 30-12
29 december 2016

KNVB Krystsealtoernooi

Dizze wike en nije wike dogge ferskillende SDS teams wer mei oan it KNVB sealtoernooi. Dy wedstriden wurde op ferskillende plakken holden. Wij sjogge de folgende teams stean:

tiisdei 27 desimber yn Koudum: SDS MO15-1
woansdei 28 desimber yn Warkum: SDS JO17-1
tongersdei 29 desimber yn Makkum : SDS JO 17-2
freed 30 desimber yn Easterein: SDS JO 15-1 en SDS JO 15-2, SDS JO 15-4
freed 30 desimber yn Warkum: SDS JO 13-1, SDS JO 13-2
moandei 2 jannewaris yn Balk: SDS JO 15-3
tiisdei 3 jannewaris yn Snits: finales JO15

SDS ‘9e’ op Krystsealtoernoai yn Frjentsjer

SDS is juster ‘9e’ wurden op it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. De lêste 4 poulewedstriden gienen knap en waard der trije kear wûn en ien kear lykspile. Dit betsjutte úteinlik in 2e plak yn de poule en in plak yn de finaleronde. Jaap, Jacob-Klaas, Feite, Pieter, Sicco, Johannes en Willem koenen dit allinnich gjin goed ferfolch jaan en waarden útskeakele troch de Posthoorn. SDS kaam net troch de muorre fan ferdedigers en krige it heft op de noas.
Futsal Scharringa mei Wietse Fopma en Bote Strikwerda koe de goeie klassering nei ferline wike sneon net in goed ferfolch jaan en sakke nei it 5e plak en wie plots útskeakele. Wytze Lanting ferlear yn de 8e finales nei penaltys mei Boubedriuw Kooistra. Jelte-Pieter Dijkstra koe ek moai op tiid oan it krystmiel, want lei der mei Coop Tolsma ek al foar de finaleronde út. Dr. Oetker wûn úteinlik it toernoai.

Harsens derby (1812)

Wa moat de bal mei de Kryst hawwe?
De krystman fansels!