Weppers freed 30-12

Weppers tiisdei 27-12
27 december 2016
SDS JO13-2 troch yn de seal!
31 december 2016

Nijjierssit

Sipke kin ek wol efkes meibolje!

Der binne no al sa ’n 75 fuotballers(!) dy ’t harren opjûn hawwe foar it fuotbalmikstoernoai foar de SDS-nijjierssit op sneon 7 jannewaris. Hjir binne ek al guon âld-SDS’ers by. Ek binne der al sa ’n 10 kaarters. Fansels kinne der sawol noch fuotballers as kaarters by. Je kinne je hjir foar sawol it fuotbaljen as it kaarten opjaan. Foar it rinnen hoefe je je net op te jaan.

Seal

Freed yn de seal yn Easterein is it KNVB sealtoernooi mei oare klups út de regio.  Foar SDS binne JO 15-1, JO 15-2 en JO 15-4 aktyf. Tige de muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa. It begjint al om 9.00 oere. De JO15-4 sille as earste SDS’ers om 11.46 oere los.

Aldjiersdeibaljen

Om 14.00 oere kin der wer efkes balle wurde yn de seal. Opjaan is net nedich. Op tiid komme wol.

Efkes Balje

Der stiet freed wol in edysje op it programma om 19.30 oere, at er genôch binne…..

Kantine skjinmeitsje

Woansdei 4 jannewaris krijt de kantine c.q. it ferieningsgebou wer syn jierlijkse skjinmakbeurt. Dit is fanôf 8.00 oere. It soe moai wêze as ferskeidene leden fan de ferskeidene ferienings efkes komme te helpen. Alle help is wolkom en mei wat minsken is it samar klear. Je hoefe je net op te jaan, mar it mei altiten. Dit kin fia marlousvantuinen@outlook.com. Kom ek! De kofje stiet klear!
Afbeeldingsresultaat voor opruimen en schoonmaken

SDS-League

By de nijjierssit krije jim de einstân fan de earste helte fan de SDS-League te hearen. Mei de twadde helte fan de SDS-League hoopje wy healwei febrewaris los te kinnen. Earst de transferperioade mar efkes ôfwachtsje.

Krystferhaal

Juan Sebastian Véron hat jierren op it heechste nivo fuotballe, mar stoppe twa jier lyn by Eastudiantes en waard foarsitter. De supporters hienen him noch wol graach op it fjild sjen wollen. Véron beloofde dat hy wer begjinne soe as it stadion foar mear as 65% fol komme soe te sitten. Dit is slagge en hy hat in konrakt tekene foar 1 1/2 jier. Syn salaris giet nei in goed doel. Sjoch ek hjir.

Krystferhaal (2)

De lêste dagen wie it wol wat mistich, mar net sa as op Boxing-Day yn 1937………

Harsens derby (1813)

Zaha woe de skieds yn de maling nimme mei in schwalbe, mar dy trape hjir net yn. De maskotte fûn dat Zaha nei de wedstryd wol efkes op de blieren sitte mocht.

Freed mear!