Krystweppers

Weppers freed 23-12
23 december 2016
Weppers tiisdei 27-12
27 december 2016

Efkes Balje

Afbeeldingsresultaat voor windDe freed foar kryst is sa’n dei om de lichte blessure dy’t er is, noch moai efkes rêst te jaan en efkes yn it krystbuorrelwaar te sjen. It lûkt ek oan sa’n krystbuorrel, seker at de waarberjochten net super binne. Der soe reinwetter en stoarm komme.
It reinwetter kaam net, de stoarm wol. De bal wie betiden it boartersguod fan de wyn. In keunstgersfjild hat yn sokke oanstannichheden ek gjin remmend effekt op de bal at dy foar de wyn hat. Mei in temperatuur dy’t ek net oerhold, wie in in potsje bikkeljen foar de 10 Efkes Ballers.
It gie oant 8-8 moai lyk op, mar nei in fjildwiksel op fersyk fan in gielehesjebikkel út Itens-East, wat noch nea earder bij it Efkes Baljen dien wie, soarge der helaas foar dat de oare partij tsjin de wyn yn gelyk 4 kear skoarde. De spanning wie fuort en de wyn helle noch mear oan. It klokslaan fan healwei njoggenen wie net ferstannich, dus waard al earder keazen foar in “trijedoelpuntenút” partij.
Spannend dat wol, mar it wynfoardiel siet dan miskien dochs yn “de wyn tsjin”.
Ien nei lêste wiene dus dizze edysje: Menno, Remco, Johan, Harry en Aant
In moai twadde plakje wie der foar: Frank, Ferry, Pieter, Klaas, Sipke
(Aant)

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer

2e-Krystdei is yn Frjentsjer wer it krystsealtoernoai. De foarrondes wienen ferline wike sneon en 2e-krystdei binne de rest fan de foarrondes en de finales. It begjint 2e-krystdei om 10.00 oere. SDS spilet de earste wedstryd om 10.45 en de lêste foarrondewedstryd om 13.45. Hjirnei binne de finales. Foar SDS dogge mei; Jaap, Feite, Jacob-Klaas, Sicco, Pieter, Jehannes en Willem. By Coop-Tolsma fuotballet Jelte-Pieter, by Futsal Scharringa Bote en Wietse Fopma en by Boubedriuw Kooistra Wytze Lanting. Sjoch hjir foar it hiele programma.

Krysttraining VR1


Justeryn de sporthal efkes traine foar it OFK yn Frjentsjer.  De froulju moatte op 9 jannewaris los yn de Trije.

Krystbeam


Jan Boskamp sit er altyd sportyf bij at hij al dy fuotbalwedstriden sjocht yn it wykeien. At it moat soe hij sa ynfalle kinne.
En foar in bitterbaltsje hoecht hij net fier te rinnen