Weppers tiisdei 25-10

Weppers snein 23-10
23 oktober 2016
Weppers tongersdei 27-10
27 oktober 2016

Skiedsrjochters

Beste fluiters,
de lijsten voor de komende drie weekeinden staan weer klaar. Kun je niet, dan zelf waar mogelijk ruilen. Kom je er niet uit, meldt dit even bij tjerkvanderpol@home.nl. Door technische problemen is roostermaker Tjerk even niet via de beide scheidsrechter-apps te bereiken.

De scheidsrechterscommissie

Woansdeitejûn efkes gjin trainen op it keunstgers

Y.f.m. de bekerwedstryd fan SDS MO15-1 tsjin SC Bolsward MO15-1 kin der woansdeitejûn fan 18.30 oere oant 20.30 oere net op it keunstgers traind wurde.

We Are One4famkes-weareone

 

Fjouwer famkes/froulju fan SDS wienen sneon yn Hearrenfean en diene mei oan in WeAreOne manifestaasje foar Meiden.

 

 

 

Doelpuntenlijst

It doelpuntenklassemint fan senioren en Vr1 kinne jim hjir sjen. De twa topskoarders dyt’t ferline wike noch op de foarside pronkten binne al wer ynhelle. Jaseker…troch…….

Seal

Woansdei docht SDS 1 seal wer in poging om in wedstrydsje te fuotbaljen. Om 21.00 oere spylje se yn de sporthal yn Easterein  tsjin sc Bolsward 1.

Lokwinske!

De coach fan SDS Vr.1, Mark Postma, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!! Dat kin sneon moai fierd wurde yn de bus nei DWP. Dan moat der al 6 punten mei fansels!

Treffer

De nije Treffer leit by ús drukker Van der Eems. Mei in bytsje gelok leit der dit wykein by jim op de matte.

Mei de bus nei DWP!Afbeeldingsresultaat voor sds bus

Kommende sneon 29 oktober spylje sawol SDS 1 as SDS Vr.1 om 14.30 oere út tsjin DWP. Dat betsjut dat sy mei syn allen yn de bus geane. As jo ek mei wolle, mail dan efkes nei info@vv-sds.nl. Der is noch 1 plakje beskikber en tink der om! Fol =fol! De bus fertrekt rûn 12.30 oere en sil rûn in oer as 18.00 oere wer yn Easterein wêze.

Harsens derby (1778)

Knappe assist!