Weppers snein 23-10

Sneon 22-10
22 oktober 2016
Weppers tiisdei 25-10
25 oktober 2016

Beker

Fansels wie it alderaardichst om juster mei SDS 1 efkes by FVC te sjen. Der wienen in bult SDS’ers mei te sjen, mar net folle Ljouwerters. It hie alderaardichst west as dizze wedstryd yn Easterein spile wie. Miskien in ideetsje foar de KNVB om foar oare jierren yn de beker de leechst spyljende klup thús spylje te litten.

Skorst

Jacob-Klaas Haitsma krige juster spitigernôch in reade kaart yn de bekerwedstryd tsjin FVC. Dit betsjut dat hy sneon net meidwaan kin yn de kompetysjewedstryd tsjin DWP 1.

Noch gjin perioade, mar……

SDS 2 is juster (noch) gjin Perioadekampioen wurden. VVI 2 spile lyk tsjin Heerenveense Boys 3 en bliuwt hjirmei wol ûnder SDS 2 yn de stân. It docht allinnich bliken dat de perioade spile wurdt oer 10 wedstriden. Dat betsjut dat wy oer 4 wiken witte wa ’t de 1e perioade wint.

Sjurt

Heechstwierskynlik sit ien fan de webmasters fannemiddei mei dit sjurt oan by de Wierhyd fan Wylgeragea yn it Dielshûs. Moarn mar wer in nije bestelle. Hoe dan ek……..

sjurt-feyenoord-boppe-oan

Alderaardichst

Mei de bus nei DWP!

Kommende sneon 29 oktober spylje sawol SDS 1 as SDS Vr.1 om 14.30 oere út tsjin DWP. Dat betsjut dat sy mei syn allen yn de bus geane. As jo ek mei wolle, mail dan efkes neiinfo@vv-sds.nl. It kostet €5,- per persoan. Keimpe Meijer en pakesizzer Marc Hoekstra en Klaas Overal hawwe harren al opjûn en wy hawwe begrepen dat geert en Gatske Hiemstra ek wol belangstelling hawwe. Tink der om! Fol =fol!Afbeeldingsresultaat voor sds bus

 

Harsens derby (1778)

Knappe redding!