Weppers tongersdei 27-10

Weppers tiisdei 25-10
25 oktober 2016
SDS-League: ‘Hiemstra Power’ pakt wykpriis!
27 oktober 2016

SDS MO15-1

Justerjûn waard de útstelde bekerwedstriid SDS MO15-1 -sc Bolsward MO15-1 spile. It waard in kreaze 2-0 oerwinning op it ferljochte keunstgersfjild.
De folgende ronde sil wêze op sneon 19 novimber. De tsjinstanner is noch net bekend.

SDS seal 1

Ek de sealjonges moasten it yn Easterein opnimme tsjin sc Bolsward.  Ek hjir wûn SDS. It waard 5-1.

Beker

SDS 1 ferlear sneon fan FVC 1 en leit út de beker. Tiisdei is der lotte foar de folgende ronde. FVC spilet dan op ‘e nij thús. Sy meie dan de derby spylje tsjin buorman Blauw-Wit ’34.
VV Scharnegoutum mei it yn de folgende ronde opnimme tsjin Ropta Boys.

Kantine

De kantine is jûn ek wer iepen fanôf 20.30 oere. DJ Auke-Jetze sil de jûn oanelkoar draaie. Hiel miskien kinne wy de bekerwedstryd Eindhoven – SC Heerenveen ek wol efkes sjen. Yn elts gefal kinne wy de bekerlotting sjen op it grutte skerm.

Data

Hjir noch wat foar yn de aginda:

Woensdag 14 december 2de leiders/trainersvergadering

Woensdag 17 mei 2017 Schoolvoetbaltoernooi

Vrijdag 19 mei 2017 Slotdag jeugd

Woensdag 7 juni 2017 3de leiders/trainersvergadering

Ut de âlde doaze

ald-003

De kommende tiid mar wer ris wat leuke foto’s út de âlde doaze.. Herkenne jim se noch? Der sitte yn alle gefallen trije bij dy’t no bern op fuotbal ha bij SDS. En der is ek noch ien bij dy’t wolris Efkes Ballet

Harsens derby (1779)

Somtiden hawwe je sa’n dei dat de bal mar net yn de goal wol…..