Weppers tiisdei 24-1-2023

Weppers moandei 23-1-2023
23 januari 2023
Weppers tongersdei 26-1-2023
26 januari 2023

SDS 2 wint fan Black Boys 1

Tiisdeitejûn hat SDS 2 oefene tsjin Black Boys 1. SDS 1 wûn mei 2-1 troch goals fan Sietze Stoffelsma en Jurjen Los.

Pietertje

At der ea in fenklup foar Pieter Sijtsma komt, dan kin der rekkenje op lju út Aldehaske. Jim witte wol dat plak dêr se in baarch yn de beam hawwe.
De stikjeskriuwer dy’t dúdlik yn 2022 net folle leuks te melden hie oer syn ploech, docht no in poging om leuk te wêzen.  Dêr is neat op tsjin, elkenien hat syn eigen gefoel foar humor.
Dat hij  lêst hat fan subjektitus is wol lestich. Dêrmei nimme wij him net serieus.
Doelpunten fan SDS komme troch de skiedsrjochter, giele kaarten foar Oudehaske binne net terjochte en bij SDS hie mear giel en read net misstien. En Pieter dy neame se fanwege jaloerskens dêr Pietertje.
Jim kinne it hjir lêze, mar dat hoecht net perfoarst

SDS 2 oefene

Afgelopen zaterdag heeft Sds2 een oefenwedstrijd gespeeld tegen Leovardia 2  en deze werd verloren met 6 1. Veel valt hierover eigenlijk niet te schrijven, Leovardia was gewoon de betere ploeg wat ook blijkt uit de uitslag. De derde helft was geslaagd. De Leeuwarders  hadden het goed  voor elkaar.
Vanavond de laatste oefenwedstrijd tegen Black Boys 1 voordat de competitie weer begint.
Jan Los

SDS 2 (seal)- SDS 1 (seal)

Woansdeitejûn spilet SDS 2  in thúswedstriid yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. SDS 1 seal hat in útwedstriid en ek dy fynt dêr plak.
Om 21.00 oere kinne jim der bijwêze.

Gjin OFK 45+

Y.f.m. te min dielname giet it OFK foar 45’ers yn Frjentsjer spitich genôch net troch op sneon 4 febrewaris.

Ut it argyf

It twadde seizoen wêr’t wat fan te finen is yn de “grutte” media is 1952-1953. It earste jier dat SDS meidie yn in kompetysje. De prestaasjes yn it seizoen holden noch net oer. Sjoch hjir
Om fragen foar te kommen. Typhonia kaam út Menaam. It fusearde yn 1963 mei de sneinklup Foarút.