Weppers moandei 22-3

Weppers snein 21-3
21 maart 2010
Weppers tiisdei 23-3
22 maart 2010

Jeugdaksje SDS
Ynkoarten komt de SDS-jeugd wer mei snobbersguod lâns de doaren. Jim kinne der hjir alles oer lêze.


Hoe sa fêsthâlde?
Ofrûne sneon moast Lody Roembiak trainer /koach fan SDS A1 stagerinne bij SDS 1. De wedstriid fan syn A’s wie noch net dien doe’t hij ôfreizge nei Ljouwert. De A’s hiene it dreech tsjin Be Quick Dokkum en Lody drukte lieder Floris op it hert om it team sa stean te litten om de 1-1 fêst te hâlden. “Hoe sa, fêsthâlde!” tocht Floris, want foardat Lody Easterein út wie skoarde Ayanle de 2-1 foar SDS. En krekt doe’t Lody de Walperterwei op draaide yn Wommels wie it alwer Ayanle dy’t skoarde.

Ajax/PSV supporters
Ferline wike snein waard de wedstriid Ajax PSV yn de Jimbar foaral besjoen troch Ajax supporters. Der wie fansels grut entoesjasme bij de doelpunten fan Ajax. Sneon wie de wedstryd PSV – Twente yn de selde bar te sjen. En it doelpunt fan PSV waard no mei grut entoesjasme ûntfongen. Ja krekt troch dy selde Ajax supporters dy’t der ek no wer sieten.

SDS 4
Net allinne SDS 5 hat problemen om wedstriden te spyljen. Ek SDS 4 ûnderfûn problemen om de wedtstriid tsjin Tsjummearum 2 te spyljen. Al in oantal kearen net troch gien. En dit wykein hearden wij dat sij út de kompetysje binne. Dus it is dan seker dat SDS 4- Tsjummearum 2 net spile wurdt.

Wedstrydferslaggen
Wy hawwe dit wykein ferskeidene wedstrydferslaggen binnenkrigen fan û.o. Wichard Deinum(SDS 2), André Vink(SDS DA2) en Ab Scheepvaart (SDS B1). Jim kinne alle ferslaggen hjir lêze.

Gjin trainen
Y.f.m. de sponserjûn hawwe SDS 2 en 3 tiisdeitejûn gjin trainen.

Kaarten oer
Wa’t fan SDS 3 nog mei wol nei de sponserjûn kin skilje mei Jan (ha nog mar in pear plakjes, dus gau melde: 0628068051)
Jan


Foto’s SDS-froulju yn Âldegea
De wepmaster fan VV Oudega, Frâns Veldmans makket ús derop attint dat der dizze wike op ‘e nij foto’s fan in SDS-team op harren webside stean. Dit kear binne de SDS-froulju op de foto kaam doe ’t sy ôfrûne snein yn Âldegea fuotbalden tsjin Oudega DA1. Ris sjen as it echt sa slim wie sa as de froulju seinen (klik hjir).
De SDS-froulju hawwe ek noch wol kânsen hân om in goal te meitsjen.

Jan is wat kwyt!
Ofrune tongersdei te jun is Jan Stenekes (wer is) wat kwytrekke. No wie it net de beurs mar in sulveren/titanium earmban. Wa’t de earmban fun hat mei him/har wol even melde by Jan: 0628068051
Jan

Foeilelijke sjurts (6)

Bauke-Jan Plantinga kaam mei dizze tip. Wy witte net wa as mei dit sjurt keept hat, mar wy begripe wol wêrom
:
Is dizze keeper ek in blij man west?
Bauke-Jan Plantinga


Wy freegje it ús ôf?
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Dy wat?
“Heit, de keeper fan AZ giet derút, want dy is blesseard, mar wa komt der no yn?
“Didulica, Pieter”
“Dy Doedelsek? Wat in frjemde namme………”

Harsens derby (171)
Nei 5 tsjingoals is dizze keeper der wat ôf en dan bard dit ek noch: