Weppers snein 21-2

Utslaggen 20-2
19 februari 2016
Weppers tiisdei 23-2
22 februari 2016

Pupillen fan de wike

In moai momint foar de pupillen fan de wike Ate en Milan. Sij komme mei de skiedsrjochter, de assistinten en de teams it fjild op.

Ate 

Nei ôfrin in fotomomintsje. Ate Schaap fan Turns wol graach mei Wiebe op de foto. No dat kin…..

Milan

Jaap Toering wie de favoryt fan Milan van der Weg út Wommels.

Fan geloksfûgel ta pechfûgel…..
De grutste pechfûgel wie dit wykein wol Pieter de Vries. Nei mear as in jier net in wedstryd fuotballe te hawwen, mocht hy by Oeverzwaluwen 2 – SDS 2 it lêste kertier ynfalle. By de earste bal dy ’t hy krekt net rekke soarge hy foar in eigen goal fan Oeverzwaluwen en kaam SDS 2 mei 2-1 foar. Trije minuten letter makke hy sels ek noch de 3-1. Hy kaam hjirby allinnich sa beroerd telâne dat hy hjirby syn sleutelbeen bruts. Hy is yn it sikenhûs west en moat yn elts gefal 6 wiken rêst nimme. Wy winskje Pieter in hiel soad betterskip ta!

Foto’s SDS A1 – GAVC A1
De Henk Bootsma fan SDS A1, Johan Heerma, hat juster wer allegear plaatsjes sjitten by SDS A1 – GAVC A1. Jim kinne se fine op Facebook.

Koprinner
Nei de oerwinning fan A1 juster op GAVC en it likense spul fan Stiens is de stân op dit momint sa:


SDS League
Op dit momint is de SDS-League-kommisje drok dwaande om alle teams yn de kompjoeter te setten. Dêrneist moatte alle wedstriden yn de Eredivisie besjoen wurde foar de puntentelling. As alles wat meisit dan hinget de nijste stân fan de SDS League kommende tongersdei yn de kantine.

Moaie yllustraasje

Juster in hiele moaie yllustraasje fan de stân yn de earedevysje. Twa koprinners (net yn byld) en de efterfolgers. Klik op it plaatsje foar in fergrutting.

Alderaardichst


Harsens derby (1674) 
Tikkie werom, Jaap………………