Weppers tiisdei 23-12

Weppers moandei 22-12
22 december 2008
Winterprogramma SDS 1
23 december 2008

Sneon 27 desimber 2008 – Sealfuotbal A- en B-junioaren

Sneon om 18.30 oere begjint it sealfuotbal foar de A- en B-junioaren.

Der om úterlik 18.00 oere wêze!!

Wa NET kin moat dat úterlik sneon foar 17.00 oere melde by de lieders!

Oant sneon. Efkes lekker balje en gesellich neisitte!

Groetnis,

Klaas Pompstra
P.s. De lieder fan B1, Jan-Rinse Blanksma, is dizze dagen allinnich fia de mail te berikken(klik hjir).

Top!!

Zaterdag 22 dec werd het KNVB kersttoernooi gehouden in de greidhoeke in Easterein, hierbij bedanken wij Jilderd Hylkema en Dirk Stegenga en Doede Kooistra  voor hun hulp. Omdat Easterlittens niet op kwam dagen namen zij het voor hun rekening de hele middag tot 4 uur.

Top!!!

Groet Jan-Bouke


Winterprogramma SDS 1
SDS 1 hat efkes 2 wiken frij fan trainen. Dêrnei giet it wer oan. Jûn kinne jim hjir it hiele programma werom fine foar nei de winterstop.

Bijtekene
Dooitze Nauta is ek folgend jier striker bij SDS. Dat hat it bestjoer bekend makke.

Easterein
Minne Bonnema tipte ús oer in filmke fan Easterein. Alle wichtige strjitten, gebouen en ….fjilden steane der op.
Sjoch
hjir.

Groningen- Heerenveen
Wij tinke dat se der yn it Fean as in
berg tsjin op sjogge.

Giel
Ballack, de sympatike Dútser dy’t bij Chelsea fuotballet krige moandei in giele kaart. Net syn earste mar wol in opmerklike. Ballack soe in frije traap nimme, mar joech bij de skeids oan dat de muorre net op 9 meter stie. De skiedsrjochter joech ta oan syn geseur en gie mjitten. De muorre stie prima op ôfstân en de giele kaart wie foar ….Ballack.

Headbange
Al jierren hat ien fan de wepmasters in hekel oan koppen. Hjir hie hy fansels syn redenen foar. Mei in brace om koppe makket dit no noch folle dreger(klik hjir).

LC coach
Der dogge 33 koaches mei ûnder de namme fan SDS en opfallend is it goeie prestearen fan de Feijtens. De top 10 sjocht der sa út.
 
 
Freedtejûns net frij
Sommige Feyenoordsupporters sjogge de bui foar folgend seizoen al hingjen:

Voetbalhumor

Bergkampgoal
Jierrenlang hie Dennis Bergkamp by Arsenal patint op moaie goals. Robin van Persie liket dit patint oernommen te hawwen: