Weppers moandei 22-12

Weppers snein 21-12
20 december 2008
Weppers tiisdei 23-12
23 december 2008

SDS A1
Klaas Pompstra hat in ferslach makke oer SDS A1 oer dit seizoen oan ’t no ta. Klik
hjir om it te lêzen.

A-Seleksje
Der is al aardich ôfbetelle ôfrune tongersdei mei de lêste training, der binne noch spilers die net alles ôfrekkene ha (sommigen hielendal neat).
Wol eltsenien a.u.b. syn eigen bydrage z.s.m. noch oermeitse sadat we dit ôfronde kinne?
Wit jim net hoefolle dan skilje jim my mar (06-24816080) Rekkeningnr. is noch steeds 1435.96.225
Groetnis,
Marten


De groeten fan….
Klaas Pompstra kaam foarige wike âld-SDS-trainer M
arcel Frankena tsjin yn de stêd.
Marcel hat it tige nei syn sin by Frisia. Hy is drok dwaande om de organisaasje fan de jongerein dêr del te setten. Der moat ek wol wat barre mei 14 F-teams en 12 E-teams. Hy wie ek tige nijsgjirrich hoe ’t it by SDS allegear giet. Klaas moast dan ek de groeten dwaan oan alle SDS’ers. Hjirby dus eltsenien de groeten fan Marcel.

Fjoerwurkspektakel Easterein!
It jier 2008 leit hast alwer efter ús. En ek dizze jierwikseling
organisearret Aldjiersploech ‘Easterein’ wer in spetterende
fjoerwurkshow op de brêge foar Kafee Bergsma en wol op
1 jannewaris om 01.00 oere.

VI-stadionkwis
2 wiken werom hienen wy hjir in link nei de VI-stadionkwis. Dizze kwis wie aardich dreech. Allinnich fan Hylke Schrale krigen wy berjocht dat hy in hiel ein kaam wie. 5 stadions wist hy allinnich net. Witte jim wol welke dat binne? It giet om stadion 5, 7, 12, 15, en 21(klik hjir). 

Skoren
Hjir in tip fan Feike Jorritsma.
Dizze Fransman, Remi Gaillard wit oeral en nergens te skoren: