Weppers tiisdei 23-10

It Meinte-Sixma-toernoai
23 oktober 2012
Weppers woansdei 24-10
24 oktober 2012

Fet mjitte
Wietse, Friso, Sjoerd, JK, Wytze, Ewout, en Harm meie harren jûn efkes melde yn de strikersromte om it fet te mjitten.
Fanôf 18.45 oere.
Dooitze


Te koart
SDS 5 kaam sneon krekt te koart om 10 goals te meitsjen tsjin De Wâlde 3. Miskien hie dit ek te krijen mei in te koart oan lingte by de spits fan SDS 5:


Ferslach SDS Froulju 1
Wy krigen noch in moai koart “ferslachje” binnen oer de wedstryd tusken SDS Vr.1 en Makkum 1:

Dit keer gjin ferslach want wat moatte je altiid skreaue oer een wedstriid ,derom allinich de score fan fjour froulju: 
marije hiemstra,antje stenekes,sieta en jildou 
groetnis feike en pieter lieder en flagger froulju SDS 1

Foto’s SDS 2 – Olympia ’28 2
Fan Henk Bootsma krigen wy noch in stik of wat moaie foto’s fan SDS 2 – Olympia ’28 2 dy ’t (op in pear nei……….) seker de muoite wurdich binne. Jim kinne se
hjir besjen.

Derbys
Sneon steane der foar SDS twa nijsgjirrige derbys op it programma. SDS 1 mei om 14.30 op it Skuttersfjild yn Snits oantrede tsjin Waterpoort Boys 1 en SDS 2 mei it dan op ‘e Skoalleseize opnimme tsjin Nijland 2.

FIFA-2013-toernoai yn de Tsjerne


Tink derom!
Jelmer Posthumus is dizze wike wer ris fan de pôle. Hy hat wer ris ien of oare oefening by it leger. Mochten jim earne yn de Ardennen iets griens oer de dyk krûpen sjen tink der dan al efkes om:

Ra, ra, wa is Jelmer?

Harsens derby(870) 
Yn Poalen gie foarige wike de wedstryd Poalen-Ingelân yn earste ynstansje net troch y.f.m. it wiete fjild. Gjin fuotbal dus, mar wol in fermakelijk skouspul: