Weppers woansdei 24-10

Weppers tiisdei 23-10
23 oktober 2012
SDS League: Superguidetti pakt wykpriis!
24 oktober 2012

SDS 1 wint oefenwedstryd
SDS 1 hat juster de “oefenderby” tsjin Nijlân 1 mei 1-0 wûn. De winnende goal waard makke troch Johan Postma.

En de foto troch Johan Heerma.

Meinte-Sixma-toernoai
Mar leafst 100 jonge SDS’ers sille fannemiddei meidwaan oan it Meinte-Sixma-toernoai. Fansels binne fannemiddei ek alle heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, tantes, buorlju, freonen en fage kennissen fan herte wolkom op efkes by it fuotbaljen te sjen.

Dooitze is der net te striken

Ik bin der net tongersdei fanwege cursus.

Mar Ant Folkerts út Mantgum sil my ferfange. 

Grt Dooitze

Fan herte lokwinske
Mark Klijnsma fan D2 is hjoed 11 jier wurden. Fan herte lokwinske!


ONT op Omrop Fryslân
Ús freonen fan ONT komme jûn op tillevysje. Sy komme yn Hjoed op Omrop Fryslân. Dit programma komt elk oere op de tillevysje fanôf 18.00(sjoch ek hjir).

Freek op OFK?
Begjin jannewaris is der wer it jierlijkse Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal yn de Trije yn Frjentsjer. Fansels docht SDS hjir ek wer oan mei. Ek sille wy wol wer wat âld-SDS’ers tsjinkomme. Sa docht Freek Tichelman miskien wol mei by Drs. Vijfje út Grins. Hy spilet dêr op dit momint by de winner fan it OFK 2012, Drs. Vijfje 1.

Drs. Vijfje hat nije sjurts. Freek stiet boppe-oan as 2e fan lofts.

Transfer
Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat in klup dwaande is om Sytze Kooistra binnen te heljen. It soe om Rkvv BEVO út Beringe gean. Dizze foto kamen wy tsjin op it ynternet:
Profcontract is getekend! Morgen eerste training bij Bevo http://instagr.am/p/RF4nFVQH9l/

Harsens derby(871) 
Dit is pas in penaltykiller!