Weppers tiisdei 22-3

Weppers moandei 21-3
20 maart 2016
Weppers tongersdei 24-3
23 maart 2016

Net goed
Okke van der Kamp foarsei in 2-2 einstân bij Makkum 1 – SDS 1 yn de LC. It waard 5-0.
Reaksje fan Okke:
Ik wie noch te optimistisch oer SDS.  4-0 ferlies; oare kear mar better!
Sukses fierder
Okke van der Kamp

Programma sneon
Sneon wer in ynhelprogramma. Sjoch
hjir foar it thúsprogramma en klik troch nei it útprogramma.

Waterpoort Boys 1 – SDS 1
Sneon mei SDS 1 yn SNits de derby fuotbalje tsjin Waterpoort Boys 1. De Snitsers sjogge alfêst op paste wize foarút nei dizze kraker; sjoch hjir.

Training B1
Moarn wurd B1 om 20:00 oere traint troch Wichard Deinum. Wy rekkenje wer op de oanwezichhyd fan alle 17 spilers.
Hans

Utslach
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe justerjûn mei 7-4 ferlern fan NTW 2. By de rêst stie SDS noch mei 3-2 foar, mar nei de rêst liet SDS har de tsiis fan de bôle ite troch de Akkrumers en wie it yn in poep en in skeet 6-3. SDS kaam noch tot 6-4, mar nei de 7-4 wie der gjin eer mear te beheljen.

Harsens derby (1690)
Toet, toet!