Weppers moandei 21-3

Utslagen sneon 19-3
18 maart 2016
Weppers tiisdei 22-3
21 maart 2016

SDS-Klean te keap!
Kommende sneon is der wer in mooglikheid om SDS-klean te keapjen yn de kantine. Douwe-Dirk Reitsma stiet fan 9.00 – 10.30 oere klear om jo te helpen. Fan SDS-truien oan ’t -trainingspakken en noch folle mear! Der is fan alles op foarried.

Strafskop

In strafskop misse kinne miljoenen kostje, sa seagen wij dizze wike bij PSV. Bij de B’s fan SDS giet it net om miljoenen mar om trije punten. Sneon misten se net. It levere de 2-3 op en wie net foldwaande foar de oerwinning

Lokwinske!
Juster wienen Anne Brouwer en Gida Heerma jierdei en hjoed ús ponghâldster Baukje de Jong. Allegear fan herte lokwinske!

Moandeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS meie jûn wer los. Sy spylje jûn yn Akkrum om 20.05 oere tsjin NTW 2.

De Treffer
De Treffer is hast klear en sil sa nei ús drukker Van der Eems. As alles mesit dan leit hy mei de Peaske by jim troch de doar!

SDS’ers derop út!
Wichard Deinum en Jappie Wijnia gienen ôfrûne wykein mei de boat nei Newcastle. Juster seagen sy dêr Newcastle United lykspyljen tsjin Sunderland. Nei lang efter stien te hawwen, makke Mitrovic yn de 83e minút foar Newcastle United gelyk. Hy fierde dit útbundich mei in fan dy ’t wat ûngelokkich útglide….
Sneon binne sy noch by Leeds United – Huddersfield Town west.

Wie Sybren Hoekstra der ek??

Harsens derby (1689)
En dêr giet Sybren Hoekstra………..;)