Weppers tongersdei 24-3

Weppers tiisdei 22-3
21 maart 2016
SDS-League: FC Boekelaar oan kop!
24 maart 2016

Dooitze Nauta stoppet
SDS-striker Dooitze Nauta hat witte litten dat hy stoppet as striker by SDS. Nei 9 jier is hy wolris ta oan wat nijs. Dit muoit ús tige fansels, mar wy sitte der net oer yn dat hy him nei SDS net fermeitsje sil. Dooitze sjocht rêstich om him hinne wat hy nei dit seizoen dwaan sil.

WeePeeBee 1- SDS 1
Kommende sneon yn Snits wurdt op it stille sportpark yn Snits de wedstriid WPB 1 – SDS 1 spile. De foarbeskôging fan WPB hawwe jim lêzen kinnen.
Wij sjogge ek efkes foarút en wat ús opfalle sil is de stilte. Wêr’t wij oars wolkom hjitten wurde mei de klassikers fan Lucas en Gea, fan Ricky en fan oare piratesjongers sille wij it no dwaan moatte mei de stilte. Prate mei wol, juiche mei ek, oanmoedigje it kin der allegear op troch, opstelingen omroppe gjin probleem, mar in muzykje kin der net op troch….
Wolle jim der omtinke dat jim de autoradio, dy’t fansels wer fierstente lûd stiet, earst útdogge en dêrnei de doar iepen dogge om út te stappen?
Gjin muzyk, sels dit nûmer net….

Kantine
Fannejûn wurdt it wer in noflike jûn yn de kantine. Dit kear gjin fuotbal op it grutte skerm, mar Auke-Jetze wit der fêst in noflike jûn fan te meitsjen. Skolieren en skoalmasters binne moarn frij fansels.

SDS 3 en 4 traine
SDS 3 en 4 sille jûn ek wer traine. Sy begjinne om 20.15 oere.

SDS League
Spannend, spannend, spannend! De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet hjir jûn let op de webside.

SDS-klean te keap!
Kommende sneon is der wer in mooglikheid om SDS-klean te keapjen yn de kantine. Douwe-Dirk Reitsma stiet fan 9.00 – 10.30 oere klear om jo te helpen. Fan SDS-truien oan ’t -trainingspakken en noch folle mear! Der is fan alles op foarried.

FIFA 2016-toernoai
By vv Makkum hâlde sy kommende freed in FIFA-16-toernoai. Dit liket ús ek wolris wat foar SDS. Wa liket it wat om soks mei te organiseren yn de SDS-kantine?
Mail nei
info@vv-sds.nl
.


Ut de Treffer fan 1992
Alderaardichst!
Sels Google is der wis fan dat Ajax kampioen wurdt!

Google gelooft niet meer in titel PSV: ''Bedoelde u Ajax?''

Harsens derby (1691)

Dit jûn mar efkes op trainen útprobearje tochten wy sa! SDS-striker Dooitze is oanwêzich om efentueel de fuotten út de tizen te heljen………









Letter miskien mear!