Weppers tiisdei 22-11

Weppers moandei 21-11
21 november 2016
Weppers woansdei 23-11
23 november 2016

SDS MO15-1

Kommende sneon moat SDS MO 15-1 thús tsjin SVO BDE15-1.

Dat makke údzohs wol wat nijsgjirrich, want dêr hiene wij noch nea fan heard.  Dat dizze fammen yn in bysûndere kompetysje siten nei plakken yn Drinte en Grins wie ús al opfallen.
It giet hjir om in gearwurkingsferbân fan vv Bargeres, DZOH en SC Erica; Súd Drinte dus, net fier fan de grins mei Dútslân, in moai ein fuort (120 km)
It opmerklike fan svo BDE is dat it neffens harren sels de grutste “vrouwenvoetbalclub van Noord Nederland is.  Op de foarside fan harren webside komme je dan ek de naaldhak tsjin en at je fierder sjogge moai wat froulju teams.  Sjoch hjir   

Eindelijk!

SDS JO-9-2 is wat swier yndield yn de kompetysje en hat al syn 6 wedstriden noch ferlern. Ôfrûne sneon hawwe sy thús oefene tsjin DWP JO-9-2 en dy wienen wat better oanelkoar weage. SDS kaam op 1-0 troch in goal fan Jarno van der Weij, mar DWP makke yn de twadde helte mei de wyn yn de rêch 1-1. Troch in eigen goal waard it úteinlik dochs noch 2-1 foar SDS en koenen de mannen eindelijks ris jûchheie!

Seal

SDS seal 1 sil woansdeitejûn ek wer los foar de kompetysje. Yn sporthal “de Stuit” op ‘e Jouwer leit de arena foar it “gefjocht” tsjin Haskerland 4

Better letter

De KNVB is foar folgend seizoen fan doel om wat letter mei it fuotbalseizoen te begjinnen. Sy wolle dan 23 septimber mei de kompetysjes los. De beker sil dan op 2 septimber los. Dit sil al betsjutte dat de kompetysje wat langer duorje sil en wat letter yn de maaitiid klear is.

Lokwinske!

Hendrik Engbrenghof is hjoed jierdei! Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhhh!!

Harsens derby (1795)

Wol handich as de stewards itselde tenue oan hawwe as de spilers. Sy moatte dan allinnich al efkes better oplette as sy de bal taspile krije……