Weppers moandei 21-11

Weppers snein 20-11
20 november 2016
Weppers tiisdei 22-11
22 november 2016

Gjin trainen efter de sporthal

It trainingsfjild efter de sporthal is tige wiet. Dat betsjut dat der hjoed net efter de sporthal traind wurde kin. De ploegen dy ’t oars hjoed efter de sporthal trainen hienen meie no op it keunstgers. Dit betsjut al dat der wat ynmekoar skood wurde moat, mar dat is efkes net oars.

Afbeeldingsresultaat voor fifa 2017 toernooi

FIFA 2017-toernoai

De aktiviteitenkommisje is drok dwaande om in FIFA-2017-toernoai te organisearjen foar de jeugd en âldere jeugd. Dit soe plakfine op freed 16 desimber, mar dan is der in krystfeestfiering yn de kantine. Der wurdt no socht nei in oare datum. Ynkoarten mear hjir oer!

Makkumer jonges tsjin SDS fammen

Sneon in nijsgjirrich potsje fuotbal yn Makkum. Jim kinne hjir lêze hoe’t dat gie.

Gjin maat

Der stiet suver gjin maat op SDS VR1, sij stean op kop, der stiet seker gjin maat op Tjitske Heeres. Mei sneon 5 doelpunten fiert sij de doelpuntenlist oan.  Sjoch hjir.

3A

SDS 1 sit yn de tredde klasse A. Ek dy hawwe harren eigen topskoarderslist. mei net in ferrassende koprinner.

Ynhelle?

Yn de 3e-Klasse A waard sneon ien wedstryd alfêst yn it foarút spile. Bant en QVC spilen no alfêst tsjin elkoar ynstee fan sneon 10 desimber. QVC wûn yn Bant mei 3-1 mei troch in hattrick fan Erik-Jan Pluister yn de earste helte.

Betterskip!

Anne Brouwer hat ferline wike woansdei in oare hartklep krigen en makket it goed. As it meisit dan mei der hjoed al nei hûs. Jim kaartsjes meie no dus nei de Hofkamp 19 yn Wommels.

Oefenje

SDS 1 sil tiisdeitejûn om 20.00 oere thús oefenje tsjin sc Franeker 1 (sneons) fan âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld. Hy stiet mei sc Franeker 1 op dit momint 3e yn de 4e-Klasse B.

Fûn foarwerpen

Der bliuwt noch wolris wat lizzen yn de boksen nei it fuotbaljen. Sa lizze der no in SDS-trainingsbroek maat 164, in SDS-trainingsjas maat 164, in SDS-trainingsjas maat XL en SDS-sweaters maat M en S by de fûn foarwerpen. Mocht der wat bysitte wat je lizze litten hawwe nim dan efkes kontakt op mei Willem Twijnstra (w.twijnstra@home.nl).

Freon wurde?

freon
Gjin lid mar wol in SDS hert? Freon wurde is dan net sa’n gek idee. Foar 50 euro yn it jier alle thúswedstriden fan SDS frij tagong.  En de Treffer dy krije je dan ek thús. Oanmelde kin bij Enne Bruinsma  (0515- 332013)

Harsens derby (1794)

Efkes it bosk yn……..