Weppers woansdei 23-11

Weppers tiisdei 22-11
22 november 2016
SDS-FIFA 2017-toernoai
23 november 2016

Oefen: SDS 1 – sc Franeker 1 (sneons)

SDS 1 oefene justerjûn yn Easterein tsjin sc Franeker 1 (sneons). SDS 1 spile foaral de earste helte knap en kaam mei 2-0 foar troch goals fan Lourens van der Pol en Jelmer Posthumus en hienen kansen op mear. Yn de rin fan de twadde helte kearde de wedstryd. De ploech fan âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld makke de 2-1 en efkes letter wie it samar 3-2 foa de Frjentsjerters. Dit wie ek de einstân.

‘Jonkjes’

Moai om te sjen juster wie de ynbring fan de SDS-jongerein. Úteinlik dienen der mar leafst 8 SDS’ers ûnder de 20 mei oan de oefenwedstryd fan SDS 1. Gert-Jan Bootsma, Wiebe Heeres, Lourens van der Pol, Pieter Sijtsma, Watze-Jacob van der Wal, Gerwin Sybesma, Jorrit Hofstra en Frank Bervoets binne de mannen fan de takomst.

Primeur

Wy kinne wol mei sekerheid sizze dat de oefenwedstryd fan SDS 1 juster in primeur wie. Nea earder waard der yn Easterein in wedstryd spile op in jûn yn novimber. Wy kinne ús eins ek al net mear heuge wannear ’t der überhaupt foar it lêst in oefenwedstryd fan SDS 1 thús ferspile is.

Noflik

Foar it earst yn jierren in oefenwedstryd fan SDS 1 op jûntiid wie wer efkes wennen. Sa wie de kantine net iepen, mar moasten de supporters fansels al efkes in bakje kofje hawwe yn de rêst. Mar moai dat de bestjoerskeamer hjir foar in ideaal waarm plakje wie en koenen de SDS-supporters Bruinsma, Brouwer, Hofstra, Wiegers, Van der Wal, Stuiver, Posthumus, De Jong en de 3 supporters fan sc Franeker noflik genietsje fan in bakje kofje yn de rêst.

Idee?

Dit like ús wol wat foar Mark Postma! Nei in maraton draafd te hawwen mei de bal oan de foet kin hy miskien ek wolris in ein fytse mei de bal op de holle. Dizze Nigeriaan fytste mar leafst 103 kilometer mei in bal op de holle. As it neat foar Mark is dan is it miskien wol wat foar Bram van Beem.

FIFA 2017-toernoai

Der is in nije datum fûn foar it FIFA 2017-toernoai. No noch efkes sjen as it yn it kantineroaster past.

Alde doaze

sds-1-1979-1980

Steand: Hylke, Siepie, Ids, Pyt, Roelof, Klaas, Ynze, Jan, Roel
Op hurken: Wim, Jelle, Wouter, Lolke Henk, Hendrik
It lange hier wie noch yn de moade yn 1980.

Harsens derby (1795)

Ach, wy misse dochs allegear wolris……..