Weppers tiisdei 22-10-2019

SDS en it lot fan sv Hielpen
21 oktober 2019
SDS-League: ‘Brekken-Boys’ pakt alwer in wykpriis!
22 oktober 2019

Hjoed it 25e Meinte-Sixma-toernoai

Fannemiddei om 14.00 oere giet foar de 25e kear it Meinte-Sixmatoernoai fan start foar de jeugd fan vv SDS en vv Nijland. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

Bofkont

Jacob-Klaas Haitsma wie dit wykein de lokkigste man op ierde. Earst wûn hy sneon mei SDS 1 fan CVVO 1 en wûn hy dêrnei 2 rollades mei it Draaiend Rad. Snein wie syn heit ek noch jierdei en pakte hy de earste priis by it pokertoernoai yn de Jimbar.

SDS-ledengearkomst

Sa ’t it no liket is de SDS-ledengearkomst op woansdei 20 novimber.

SDS-nijjierssit op sneon 4 jannewaris

De SDS-nijjierssit is lykas de ôfrûne kearen wer gewoan op de earste sneon fan jannewaris. Dit kear komt DJ Baggel muzyk draaien. Wat wy foar de rest dwaan gean is noch in ferrassing, mar dat it wer de muoite wurdich wêze sil mei dúdlik wêze.

SDS-League

Jûn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

 

Harsens derby (2170)

Hotseknotsebegoniafuotbal!

Letter mear!