SDS-League: ‘Brekken-Boys’ pakt alwer in wykpriis!

Weppers tiisdei 22-10-2019
22 oktober 2019
Weppers tongersdei 24-10-2019
24 oktober 2019

Wy binne 5 wiken ûnder ‘Brekken Boys’ al syn twadde wykpriis. Hy komt dêrmei twadde de stean. Sjoerd van Beem stiet noch altiten boppe-oan mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion!” Hy stiet noch 7 punten foar.

‘Brekken Boys’ kaam tot 61 punten dizze wike en dat wienen krekt 3 mear as ‘Koekoek Johan Delfsma’ fan Eeltje Postma en ‘FC De Reservebank’ fan Annejan Hallema.

Nei 3 punten mei SDS 1, it winnen fan 2 rollades mei it Draaiend Rad en it winnen fan it pokertoernoai stiet Jacob-Klaas Haitsma no wer mei beide fuotten op de grûn. Mei ‘FC Systeemplafond’ pakte hy mar 38 punten en stiet hy dield 52e.

‘Hakim (Pieter) Sijtsma’ foldochte de reade lantearn blykber wol. Hy stiet noch altiten stiif lêst mei 14 punten efterstân op ‘Lekkah Sauze’ fan Erik Haitsma.

 

SDS League 2019-2020 earste helte wike 5